Kreas

De populaire Lena staat centraal in Kreas. Terwijl alle jongens haar aanbidden, roddelen de meiden over haar.
Lena is lang niet altijd blij met haar positie, zij wil meer zijn dan alleen haar uiterlijk.
Jaap lijkt de enige te zijn die haar ziet zoals ze werkelijk is, ‘een bloem met een donker hart’.
Problemen ontstaan wanneer Jaap het met zijn vriendin Kim wil uitmaken voor Lena.
Kim accepteert dit niet en dat heeft grote gevolgen. Uiteindelijk eindigt Lena waar ze begon: alleen.

In kening fan neat

Oer in kening mei twa keninginnen, dy’t syn lân kwyt is. De kening en de keninginnen sykje ûnder de grûn en komme mei fan alles boppe. De kening makket himsels in soad wiis en komt der pas op it ein efter dat de leafde wichtiger is as besit.
In tige boartlik stik, wer yn de fûnsten en it byld like wichtich is as de tekst.
Spile troch Tryater yn 2001.

Foar altyd en altyd en altyd

Geartsje en Hinke rinne op in tsjerkhôf om, se wachtsje op harren suster Martsen. Se hawwe Martsen trije jier net sjoen, se hiene ferwachte om har wer te sjen doe’t harren mem ferstoar, mar ek doe wie se der net. Om’t se gjin adres hawwe fan Martsen en allinnich witte dat se yn Amsterdam wennet, hawwe se in advertinsje set yn in Amsterdamkse krante mei de oprop hjoed hjir op it tsjerkhôf te kommen. Martsen komt en earst ferrint it kontakt stroef. Hinke ferwyt Martsen dat se samar fuort gien is en har en har suske by har opljeppende mem litten hat. As Martsen útleit wêrom’t se fuort gien is, ûntstiet der mear begryp foar elkoar. It docht bliken dat Martsen harren heit opsocht hat en al dy tiid by him wenne hat. Hinke en Geartsje binne fernuvere, harren heit hawwe se noait kend. Wêrom hat Martsen noait wat fan har hearre litten? Wêrom hat Martsen har suskes noait ophelle en meinommen nei harren heit? Hinke en Geartsje hawwe it net maklik hân by harren mem. Mar as Martsen fierder fertelt docht bliken dat harren heit net foldocht oan it dreambyld dat se fan dizze man hiene. Ek Martsen hat har foar it grutste part sels rêde moatten. Dat bringt de famkes tichter byinoar.

Hynderkes

De foarronde fan in “miss-ferkiezing” ergens yn Fryslân. Yn ‘e klaaikeamer meitsje seis famkes har op foar it optreden, wylst de sjuery en it publyk yn ‘e klaaikeamer sitte te wachtsjen. Dan liket der fan alles mis te gean: ien fan ‘e famkes is it badpak kwyt, in oar mist in skoech, en by wer in oar sit der in skuor yn ‘e lange jurk. De dame dy’t de ferkiezing organisearre hat besiket de saak te rêden. De pleatslike sjoernalist fergriemt him yntusken om de rivaliteit ûnder de famkes. Ien fan har wurdt benammen fertocht. Oan ‘e ein docht bliken dat de beppe fan ien fan ‘e famkes al it leed teweech brocht hat. As eardere Dolle Mina-aktiviste koe sy it net sette dat de “hynderkes” sa te pronk set wurde. It optreden falt yn ’t wetter, mar de famkes biede wol har ekskúzes oan oan ‘e falsk beskuldige kollega.