Geastich
Dizze komeedzje is hiel wat oars, dan ‘t jo oer it algemien wend binne. It stik folget in toanielselskip dat de ienakter “Geastich” oan it repetearjen is. Jo binne oanwêzich by de repetysjes en sjogge alle fasetten fan it ynstudearjen fan ‘e tekst en de mise-en-sêne op oanwizings fan ‘e regisseur. Derneist meitsje jo ek de hiele gong fan saken mei, fan wat der allegearre wol net mis gean kin yn in repetysjeperioade.
De ienakter giet oer Romke, al tritich jier dea, dy’t op bisite giet by syn (oer)pakesizzers. Hy is foar gewoane minsken net te sjen. De besite is Romke fan “boppen” oplein, om in misse set, dy’t er yn syn ierdske libben makke hat, rjocht te breidzjen. Sa’t al sein is, Romke is ûnsichtber en rint dan ek frij tusken de oare spilers troch, sûnder dat ek mar immen him sjen kin en sûnder dat immen syn kommentaar hearre kin, wat er hieltiten op alles hat. Allinne syn oerpakesizzer Sylvia, kriget de skrik fan har libben. Sy kin Romke wol sjen en hearre. Koartsein, in apart ferhaal, der ’t in soad om lake wurde kin.