De Lês-straf-heit

In heit moat ûnder begelieding gan in plysje nei basisskoallen ta om foar te lêzen omt hy syn soan it lêzen ferbean hat.
Hjoed is heit foar it earst op in basisskoalle om in begjin te meitsjen mei syn lês-straf-tournee.
De plysje lit thus-fidéoos sjen fan hoe’t it thus ut ‘e hân rûn troch heit syn lês-obsesje.
De plysje hat de hannen fol oan de lêsstrafheit, dy’t neffens har nochal wat tsjinakselt. de benaude heit wol lykwols in bekentenis ôflizze………………
Heit kin sels net lêzze. Hy is teloarsteld yn syn soan dy’t net lykas hy piloat wurde wol mar graach lêst en skriuwer wurde wol.
Dêernei ssiket de plysje kontakt mei de rjochter fia in satelyt-ferbining (fideo0opname).
De rjochter set de straf om yn it fertellen fan in ferhaal. De soan sprekt de heit op ‘e TV ek ta: hy hat stiekum oan in opstel-wedstryd meidien en wûn: heit en hy meie in ballonfeart meitsje!
By einbeslut fertelt heit it ferhaal ” it pealtsje fan Easterlittens” en de plysje is tige ûnder de yndruk fan heit syn fertelkeunst; nimt har pet der foar ôf.

It seebern

Oseano is lang lyn oanspield op de terp fan it Jirpelwiif, sy hat him rêden en fan doe ôf foar him soarge. Op in goede dei hat Oseano in banaan iten fan Knoop en is dêrtroch ûndogensk en nijsgjirrich wurden; hy naait út. It jirpelwiif jout Knoop de skuld dat Oseano fuort is, se tinkt dat Knoop Oseano meinommen hat. Oseano giet de see oer en moetet Fortunata. fortunata hâldt fan Oseane. It jirpelwiif en Knoop geane mei in skip de see op om Oseana te rêden. It Moannewiif sil harren it paad wize. Krekt as sy fuort binne, komt Oseano werom op de terp fan it jirpelwiif. Uteinlik giet Oseano werom nei Fortunata, se hâlde fan elkoar.
Dit stik is fragmentarysk fan opset en poëtysk skreaun, mei in soad byldspraak.

It ferhaal

Yn it stik sit in lytse en in grutte Gerrit, in pake en in lyts berntsje. Pake Gerrit skriuwt ferhalen. Hy wol graach ‘it ferhaal’ skriuwe, it moaiste ferhaal wat er ea betinke koe. Lytse Gerrit wennet by syn mem. Syn heit sit op see. Lytse Gerrit is in dreamer. As hy dreamt wurdt er pake Gerrit, de ferhaleskriuwer. Mem en lytse Gerrit hawwe al hiel lang gjin brief mear hân fan heit. Gerrit wol sa graach in brief krije dat mem in sebeare brief skriuwt.

Prins Moreo

Sûnt de keningin dea is is it net bêst mei de kening. Hy hat bygelyks ‘dreambelestingsamtners’ oansteld, dy’t elkenien belesting betelle litte foar harren dreamen. Wa’t wat seit of docht dat de kening net noasket wurdt in kopke lytser makke. Ek de ministers dogge netsjes wat de kening seit. Prins Moreo hat it wakker dreech mei de praktiken fan syn heit. Sa’n kening wol hy net wêze. Hy dreamt fan syn mem en ûntkomt út it paleis. Mei it folksfamke Osylde komt hy letter werom. As syn heit siik is, nimt hy dy syn plak yn: Osylde wurdt de nije keningin en Moreo sil in oare kening wurden as syn heit.
In licht absurdistysk mearke oer it ferwurkjen fan fertriet en folwoeksen wurde.
PS Dit stik is yn 1990 spyle troch Tryater. Guon rollen kinne dûbele wurde en ek troch froulju spile wurde.

Yngong feesttinte

By de yngong fan in feesttinte sit Wander, in âlde man yn in rolstoel. Hy heart in âld stel oer him rabjen, hy sjocht hoe’t in dronken troude man it mei in oare frou oanleit en hoe’t twa dronken pubers ynoar besykje te fersieren, ensfh. Stikem makket Wander foto’s fan elkenien. Renate, in transeksueel, sjocht dit, krijt syn karre en pleaget him. Wander moat hjir neat fan hawwe. Mar Renate, dy’t wit dat Wander net sa’n ‘outsider’ is as sysels, wint syn sympaty mei har plan. Sy wol elkenien fersiere en Wander makket dan foto’s. Renate frijt him op, mar smyt him ek foar de fuotten dat dy earme Wander yn syn rolstoel allinnich “wit fan nimmen, net fan krijen en al hielendal neat fan jaan”.

NB
10e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurde.
RENATE komt ek foar yn ZIJLSTRA, Antine – ‘Stasjon’.
WANDER komt ek foar yn HOEKSTRA, Lolkje, – ‘Feesttinte’.

Ik wit net hoe’t de frou der ûnder stiet

Prachtich tiidsbyld fan it libben fan grutte húshâldings foar, yn en nei de oarloch op it Fryske plattelân. Foaral it wrotten fan froulju (soarch foar de bern, de húshâlding, yn ferwachting rekke, ensfh.) komt oan’e oarder. En ek de tradisjonele ferhâlding fan man en frou. De ûndertitel is dan ek: ‘Wat heit docht dat is altyd goed’.
It stik bestiet út 26 sênes, ôfwiksele mei sa’n sân ferskes.

Strusfugel op sokken

Joke har mem is skieden en och sa modern yn har dwaan en litten. Joke leit wat mei harsels oeral en dat komt ta utering yn swijen en stúmjen.
Mem priuwt dêrút dat se in hekel hat oan it bememkjen en oan it oerdreaun har bêst dwaan om it mar “gesellich” te meitsjen.
As sy tegearre prate komt moai krekt nei foaren dat mem en Joke net op’e selde “golflingte” sitte, Joke begrypt mem net en mem begrypt Joke net… Och sa herkenber.

O, au pair

Klaske sil au pair wurkje yn Noorwegen en stiet op it stasjon te wachtsjen op har baas, dy’t har mei de auto ophelje sil.
Sy fielt har ûnwennich en helpleas en dat gefoel wurdt noch fersterke troch de kontakten mei de minsken op it perron. As dan ek noch de man fan de famylje dêr’t se yn’e hûs wenje sil, der útnaait mei har koffers, is se alhiel ferslein.
Yn dizze ienakter hat Tsjitske de Boer prachtich ferwurke hoe’t sommige minsken oer it au pair wurkjen tinke.