Ofrekkenje
Twa froulju fan begjin 40, dy’t elkoar al hast harren hiele libben kenne en tochten dat se freondinnen wienen, komme elkoar op ’e nij tsjin. Beide binne se by de man wei en hawwe bern. Se sjogge wol de oerienkomsten yn harren beiden, mar in feit bliuwt dat se út in ferskillend miljeu komme. Joke is wurkster en Corien docht as is se har wurkjouwer. Wêr hâlde de gelikenissen op en wêr binne de ferskillen net oer te sljochtsjen? Elk yn har eigen taal konfrontearje se elkoar mei de foaroardielen fan de oare, oant de definitive ôfrekkening folget. Mar wat is definityf?