Ik en ús heit

Jan hat in tige strange heit, dy’t samar klear stiet om him mei syn broekriem ôf te seamjen. As Jan op in dei nei de film west hat ynpleats fan nei skoalle, kriget er wer fiks op ‘e hûd. Hy rint dan fan hûs en is fan doel net wer te kommen. Hy treft in pear famkes dy’t him meinimme nei harren geheime hutte. Dêr moat er, hoewol’t er tsjinakselet, oan de oare jonges en famkes fertelle wat syn probleem is.
Se ûnthjitte him, dat se syn heit in ôfstraffing jaan sille. Se hawwe yn in kiste in wite mûs en sizze dat dit syn betsjoende heit is. Op oanstean fan harren ferbarnt Jan de mûs en giet dan fol moed wer nei hûs, tinkende dat heit him noait wer wat dwaan kin.
Mar… as er thús komt, stiet syn heit him op te wachtsjen mei de broekriem yn ‘e hân.

De oefenromte

De popgroep “Willow” oefenet wyks in pear kear yn in âld pân, dat se mei eigen hannen en jild opknapt ha. De buertbewenners ha net in soad mei sokke herryskoppers op en skriuwe in brief oan’e wethâlder, dêr’t se yn stelle, dat as hy gjin stappen ûndernimt om dy punkers it spyljen te ferbieden, sy sels it rjocht yn eigen hân nimme.
In amtner sjocht de boel ris troch’t gat en kin him amper de agresje fan de bewenners yntinke.
Dochs beslút de wethâlder yn syn “koartsichtige wiisheid”: tichtspikerje de boel en op koarte termyn slope.

Skoalleferhaal

Yn dizze ienakter stiet in ploechje jongelju fan’e middelbere skoalle sintraal. Har hâlden en dragen yn it skoft wurdt treflik ferbylde. De pommeranten, dy’t foar master opslaan, ha fansels altyd stipe fan’e moaipraters.
Grutdwaan: prate en rabje oer de famkes en ophelje, hoe’t se de leararen narre ha, mar ek it hoeden begjin hoe’t jonges en famkes elkoar sykje komt oan’e oarder.
It is Joop Boomsma slagge om al dy fasetten sfearfol stal te jaan.

Tuskenoere

In learlinge sit tidens in tuskenoere allinne yn in hoekje fan de kantine; se hat dúdlik in probleem. Oare learlingen hawwe troch dat der wat mei har oan ‘e hân is en besykje der achter te kommen wat har dwars sit. Nei in skoftsje lit se wat los: it docht bliken dat ien fan de dosinten net fan har ôfbliuwe kin…
It stikje is in momintopname; it hat gjin rinnende hanneling en ek gjin dúdlik slot. It jout wol in goede sfeartekening en de dialooch is libben; it ûnderwerp is (spitigernôch) aktueel.