De ferfalsker

Op in kastiel earne yn Frankryk wennet in markys, dy’t der neist hynstefokken in tige nuodlike hobby op neihâldt: bankbiljetten neimeitsje. Hy giet – benammen by de froulju – troch foar in alderivichst aardige man, dy’t foar de bûtewacht suver neat sjocht om’t er sa’t it hjit sa goed as blyn is, en dy’t troch tsjok en troch tin fan syn húshâldster Susan yn beskerming hâlden wurdt.
Op ‘e draverijen rekket er syn produkten by de ‘bookmakers’ flot kwyt en fierder soargje buorfrou Margot, al sa’n grut ferearder fan him, en in stâlfeint, by de banken yn ‘e grutte stêd foar it grutte wurk.
Dan ynienen driget er tsjin ‘e lampe te rinnen en moatte alle seilen byset wurde om net ûnder de blauwe pannen te reitsjen.
Hoe no?

Provosearje

Fabrikant Hageman makket him lilk oer it jongfolk dat oanienwei de strjitte op giet en rûnom tsjin rebellearret. Syn frou fernijt him dat harren dochter dêr ek al oan mei docht. Hy nimt him foar om har dêr ris goed oer geweken te nimmen. Syn frou, bang dat de dochter dan de hoarnen wolris yn ‘e wâl stekke kin of slimmer noch de doar útgean kin, wiist him der op dat hy eartiids sels ek tige opljeppen fan aard wie en dat hja dêr al genôch lijen mei hân hat yndertiid. Dan komt de dochter thús en sil it ferhaal begjinne. Underwilens is Hageman syn bedriuwslieder dêr ek foar in besprek en dy bringt yn it fermidden dat de dochter fan syn baas gauris by syn soan komt. Dat is him om it fanke wol nei ’t sin, mar de jonge sit foar it eineksamen H.T.S. en kin de tiid eins net misse. Hy wurdt sadwaande och sa kjel as de dochter fertelt dat hja in advokaat skilje wol omdat de soan fan de bedriuwslieder oppakt is en fêsthâlden wurdt. Der is op in plysjeman sketten, dat sadwaande.
Ta beslút geane frou Hageman en de dochter nei it plysjeburo om te besykjen de jongkeardel frij te krijen, byneed troch harsels oan te jaan, tewyl’t Hageman syn leske leard hat en syn âld-freon, de bedriuwslieder mei de frou op ‘e thee noeget om dan de saken fan harren bern te bepraten.

De moard yn ‘e klaaikeamer

Yn it doarpskafee, dêr’t it stikje him (op ‘e boppeseal) ôfspilet, wenje de kastlein Willem, syn húshâldster Saapke en Hanne, de âld-húshâldster fan Willem syn heit silger. Hanne is wat frjemd en hat as hobbys har boarre Wibren en it slinen út ‘e drankflessen.
Dizze jûn sil de toanielploech in útfiering fersoargje. As se nei gâns tûkelteammen los binne, docht bliken dat ien fan harren fermoarde yn ‘e klaaikeamer leit. It tafal wol, dat de plysje en in rjochter yn ‘e seal sitte, dat se kinne fuortendaliks los mei de ferhoaren. Elk soe de moard wol dien ha kinne, mar by eintsjebeslút is it âlde Hanne dy’t tajout.