Ikke krakkemikke en it wite wiif

Nei de dea fan har heit en mem wennet Ikke by in tante, dy t se ferskriklik fynt. Se moat elk oere yn bad. Boppedat wol har tante de toverpapieren fan har heit en mem ha. En Ikke wol neat mei toverjen te meitsjen ha. Derom is se fuortrûn. Mar se wit dat Mottebal, de feint fan har tante, har opspoare moat. By in âlde brêge oer in feart wurdt se freonen mei Knierp en Knobbel. De jonges fertelle har dat it hiele doarp bang is foar it Wite Wiif. As dy boas is hellet se de freeslikste toverkeunsten ut. Freegje mar oan Krakkemikke, de betoverde dûbele moolner. Ikke begrypt dat it Wite Wiif har tante is. Mei de jonges belibbet se in hiele spannende dei. Mar it slagget har en har freonen dy dei om it doarp en de moolner út de macht fan it Wite Wiif te befrijen. En dat sûnder toverkrêft.