In oare dea

Anna, in jonge joadske frou wol besykje in nij libben op te bouwen yn Israël. Dêr oankommen wurdt sy troch Magda nei har hotelkeamer brocht. Magda kin har net útstean, sy fynt Anna in swakke joadske frou: 6 miljoen joaden binne útmoarde en Anna hat gjin inkeld ferset toand. Magda hat in gewear, sy is gjin joad mar in Israeli. Dr. Veldman ûnderfreget har oer de oarloch, om der efter te kommen of sy de persoan is dêr’t se har foar útjout. Dan blykt dat se as “Feldhure” wurke om te oerlibjen. Geandewei kriget Magda mear respekt foar har. Dizze frou hat de oarloch oerlibbe, mar inerlik is se dea. As Anna heart dat har man Joseph noch libbet wol se him net moetsje, dit kin se him net oandwaan. “Feldhure” is op har boarst tatoeëarre. Dokter Veldman besiket har derfan te oertsjûgjen dat elk dingen dien hat dêr’t er him letter foar skammet. As Joseph efkes letter feskynt blykt dat er yn in rolstoel sit en blyn is.

De krekte kanalen

Dit stik spilet yn in kantoarromte dy’t in soarte fan ‘foarportaal’ fan it Hjirneimiels foarstelt. Elk dy’t hjir as nije ‘deade’ binnenkomt, moat, ear’t hy of sy fierder mei, troch de krekte kanalen. Se moatte by in pear droege en strange boekhâlders in grut tal formulieren ynfulle….
As it frommiske (slachtoffer fan in auto-ûngelok) as nije ‘klant’ binnenkomt, hat dy yn har amtlik en bestjoerlik wurk al sa faak minsken stjoerd en manipuleard, dat se de boekhâlders fan ‘e sokken praat en sels it heft yn hannen kriget! In nuveraardich tema mar mei oannimlike figueren en flot fan taal. Dizze ienakter kin sjoen wurde as in skerpe satire op it amtlik funksjonearen fan in burokratyske maatskippij-oant-yn-de-dea!