Moardfroulju

Twa net-troude dames, Emily en sybill, organisearje tegearre tige bysûndere ‘happenings’.
Bull Evans, in gefaarlike misdiediger dy’t útnaaid is, ‘heart’ fan dizze ‘hobby’ en as kollega’s yn de misdie meitsje se tige spannende minuten mei.
Mear fertelle we der net oer, allinne dat it publyk yn spanning fan dit stik genietsje sil.

As it bloed mar blau is

It stik spilet yn de wenning fan de gemeentesiktaris, dêr ’t fanwege in ferbouwing fan it gemeentehûs tydlik de gemeente-siktary ûnderbrocht is. Dizze rompslomp is tige tsjin ’t sin fan ‘e siktaris syn frou Helga, omdat harren dochter in pear wike mei fakânsje thúskomme sil. Dit thúskommen hat foar har oanlieding west om in fier famyljelid fan har manne’kant út te noegjen (in echte baron) en mei him in mennich freonen en goekunde. As ’t in bytsje slagje wol, moat Sytske oan in man mei blau bloed keppele wurde, want mem hat it moai heech yn ’t krop. Sytske heart by har thúskommen raar op fan mem har plannen en se wit har ek mar min oan te passen by de tydlike bestimming fan har thús, mei in grut ferskaat oan foar har ûnbekende figuren. Foaral troch de komst-op-útnoeging fan Lidwine Spek en har dochter Frânske, hat him al hiel wat ôfspile, ear ’t de baron op ’t aljemint komt.
Wat der dêrnei allegeare oan ûnfersjoene dingen folget, is yn koart bestek net wer te jaan, mar de ein komt mei in lokkige tiding fan Sytske, hân yn hân mei……..?

Foar in frou op’e rin

Willem Brander is in frijfeint, dy’t in doarpshoteltsje driuwt. Hy hat as gasten: in keunstskilder en in kreaze jongfaam.
As it stik begjint komme der as gasten oan: heit, mem en dochter Pfaff, trije tige aparte typen. Justjes letter komt der yn panyk in jongfeint ynstowen, dy’t seit dat er troch in frommes achternei sitten wurdt. Brander biedt him oan by him ûnder te dûken en foar de wissichheid syn uterlik sa te feroarjen dat er op in omkesizzer fan him liket.
Men kriget mei persoansferwikseling te meitsjen en dêrtroch barre safolle wederwaardichheden dat it suver hast net beskreaun wurde kin.
Oft alles komt sa as men ferwachtsje mei? Dy fraach hâldt oan’e ein ta de spanning fêst.