Leonce en Lena

Prins Leonce, soan fan kening Peter yn it keninkryk Popo, hat genôch fan ‘e wrâld en syn fernoegens. Alles ferfeelt him, sels syn leafste Rosetta. Wannear’t syn sleauwe, wize heit seit, dat hy trouwe moat mei prinsesse Lena fan it keninkryk Pipi, dat njonken Popo leit, naait hy út mei syn trouwe feint en freon Valerio.
Ek prinsesse Lena fielt neat foar in houlik út lânsbelang en naait út mei har gûvernante. Sûnder te witten wa’t hja is, heart Leonce de stim fan Lena en wurdt fereale op har. Ek hja is djip ûnder de yndruk fan de ûnbekende jongfeint. Nei’t er har tute hat, wol hy in ein meitsje oan syn sinleas libben, mar Valerio wjerhâldt him dêrfan.
Noch hieltyd ûnwittend fan harren identiteit, beslute Leonce en Lena te trouwen. Mei in masker foar komme se by it hof fan kening Peter oan, dêr’t alles al klear makke is foar de brulloft. By eintsjebeslút komme Leonce en Lena der achter wa’t se binne. Nei harren houlik sjocht Peter ôf fan ‘e troan. Valerio wurdt minister en komt mei in folslein ferbod fan wurk.

Kommintaar:
Dit poëtyske stik is net sa romantysk en mearkeëftich as it liket. Under it mearke skûlet in satire op de hearskjende machten dy’t hielendal los stean fan it lijen en arbeidzjen fan gewoane minsken. Minstens sa wichtich as dy sosjale satire is de benearjende leechte yn it karakter fan Leonce. Troch de ferfeling fan Leonce wurdt de taskôger ek konfrontearre mei it probleem fan hoe it libben sin en ynhâld te jaan.
Nammenste knapper is it dat dizze problematyk hieltyd ferpakt bliuwt yn de foarm fan in luchtige, sprankeljende komeedzje.
De bewurking fan Tsjitske de Boer hat it stik noch dúdliker makke. Yn dizze foarm is it ek geskikt om foar/troch jongerein spile te wurden.
HB

Woyzeck

Soldaat Woyzeck skeart syn kaptein, dy’t him ferwyt dat hy in bûtenechtlik bern hat. Woyzeck, dy’t faak stimmen mient te hearren, hat lykwols gjin jild om te trouwen. Hy fertsjinnet wat jild by as ûndersyksobjekt foar de lokale dokter. Syn leafste, Maria, de mem fan it bern, bedraacht him mei in ymponearjende tamboer-majoar. Op in grouwe wize feroarsaket de kaptein it erchtinken by Woyzeck oer de trou fan syn leafste. Yn ‘e kroeg sjocht hy har mei de tamboer-majoar dûnsjen. De helpleaze Woyzeck rekket der folslein fan yn’e war. Yn in gefjocht slacht de tamboer-majoar him tsjin ‘e grûn. No slaan by him alle stoppen troch. Hy keapet in mes, jout syn meagere besittings oan syn kammeraat Andrys en by in fiver stekt hy de noch hieltyd hertstochtlik beminde Marie dea en tôget har lichem yn de fiver. Noch ien kear giet hy werom nei it rûzige libben fan ‘e kroech, om him dêrnei yn ‘e selde fiver te ferdrinken.
KOMMINTAAR:
Woyzeck wie eins noch net hielendal ôf doe’t de bysûnder bejeftige skriuwer, dokter-ûndersiker en revolúsjonêr Büchner op 23-jierrige leeftiid ferstoar. De sfear yn dy tiid wie benearjend. De reaksjonêre rezjyms fan fóár de Frânske Revolúsje wiene wer ynoarder. Tsjin dy eftergrûn skreau Büchner in op in wiere anekdoate basearre stik, dat no bestiet út 27 fragminten. Earst in tsiental jierren letter ûntdiek men de bysûndere kwaliteiten fan de skriuwer, dy’t fuortdaliks as in foarrinner fan it ekspresjonisme sjoen waard. Letter is der fan it stik in opera makke en it is ek ferfilme. Nettsjinsteande it fragmintaryske karakter jout in skerp tekene byld fan de wrakseling fan in simpel minske oan de ûnderkant fan de maatskippij. De oersetting fan Wadman ferskynde yn 1987, mei in koarte ynlieding, yn it tiidskrift Trotwaer.

HB