Ooooh….Ketryn..!!

Chris en Bine binne útein set mei in útstjoerburo, mar de saken wolle noch net fleanend. As Chris yn Ingelân kontakten siket, komt Bine har pake op besite. Hy hat foar de ferdivedaasje in bedriuw, mar koe dêr troch sykte in skoft net komme. Syn sekretaresse, Ketryn, besocht de boel geande te hâlden mar driget der ûndertroch te gean. Pake wol no Bine en har suster Anke as direksje yn it bedriuw sette. De froulju wolle net samar nei pake’s piipen dûnsje en beslute as útstjoerkrêften earst mar de kat út’e beam te sjen. Ketryn kriget sawat in oerhaal, as hja fernimt dat Pake in nije direksje boppe har sette wol. Bine ûntfermet har oer Ketryn, mar dan blykt, dat dy de mem is fan har man Chris, dy’t hja mei rûzje de doar wiisd hat. Lokkich komt alles wer goed.

Mei ús oprjochte dielnimming

Omke Wigle is stoarn en nei de kremaasje komt de famylje gear yn’e kofjekeamer foar de kondolaasje. Dêrnjonken binne der ek noch freonen fan de Stifting Wrâldkontakt dêr’t omke gâns goed foar dien hat. De famylje is der fan útgien dat omke wol sinten hie (hy hie ommers nea troud west) en is dat al aardich oan it ferpartsjen. Yn’e kofjekeamer nimt frou Pals it wurd en se hearre nij op wat sy te fertellen hat. Ek de ferstoarne syn freondinne, frou Rechts, heart wat Wigle yn syn frije oerkes die. As se der efterkomt dat Wigle njonken har noch in feondinne hie, Klaske, is de boat oan. By it kondolearjen stelt Klaske har sa op dat de besikers net om har hinne kinne. Dochs komt de twaspjalt yn’e freonen, benammen de freonen fan Wrâldkontakt libje tige mei Kalaske mei. Dan ferskyn de werkster en langet oan de famylje in breijf oer. Dizze is noch skreaun troch omke en wat stiet der yn? Omke is blut, hat gjin sint en sels de auto moat werom. De famylje oerstoer, omkesizzer Pier falt derhinne en nei’t Klaske ferteld hat dat har soan Peter in bern fan Wigle is, is de gaos kompleet. Foar Klaske is der gjin sint en sy rekket ek út’ tiid. Omkesizzer Pier komt stadich wer by sûp en stút en wit dat er noch jierren op dy ferrekte molkkarre sitte moat.
Konklúsje: al jout de titel oan dat it hjir om earnst giet, it is fan begjin oant ein gnyskjen en tige herkenber.
(Pytsje Bosma)

Twabaksmerk 52, Moard??

Jan de Brand en Jos Goedemoed wurkje op’e selde ôfdieling. Elk hat syn eigen wurk en hobby. Jan mei graach froulju lije en Jos is in echte fûgelman. D.w.s. hy skriuwt graach oer fûgels en docht ûndersyk nei bysûndere soarten. As bekend wurdt dat Jos in artikel yn in krante skreaun hat ûnder de namme dokter Goedemoed, is it foar elk dúdlik dat hy yn’e beneaming komt foar de frijsteande funksje fan -sektor- haadekology. Aleide v.d. Besten hat dêr grutte muoite mei en docht har beklach by Jan. Dy wol har wol helpe mar der moat al wat tsjinoer stean. As Jan by tafal heart dat Jos aksje fiere sil tsjin nucleair transport, hat er alle troeven yn hannen -tinkt er-. As dit bekend wurdt, makket Aleide kâns en salang kin er moai mei har om paaie. Op de dei fan de aksje makket Jan foto’s: it bewiis. As Jos dit de oare dei te sjen en te hearren kriget ûntstiet der in fikse rûzje en rekket Jan mei in klap op’e grûn – dea. Jos flechtet oer’t balkon en brântrep. De boade fynt de foto’s. De plysje komt net efter de wiere tadracht, mar kriget wol berjocht dat Jan troch in hertoanfal stoarn is. Jos hat gjin skuld en dat beide mannen oan’e aksje meidien ha fynt elk in goed ding. Aleide en Tiny, dy’t fereale is op Jos, ha hiel wat gepiel mei de papieren hân as Jos de beneaming kriget.

De waarmmielrinner

It giet mar mâl by direkteur Wiger de Bruin thús. Syn frou siedt it iten op bestel en hat dêrta har keuken oanpast sels mei eigen telefoan en alarm, sûnder dat hy der weet fan hat. Har buorfrou springt sa no en dan by en ek soan Gerard sit mei yn it komplot en stekt by need ek de hannen út’e mouwen. It giet lang goed oant Wiger-sels in waarm miel bestelt en dan komt de moard út fansels. De froulju binne lykwols net ferslein, sy hawwe noch in aardichheidsje achter de hân: safolle oandielen kocht fan it bedriuw fan de manlju dat sy der no sizzenskip oer ha.

In faam ut Sandoras

Grut sakeman Hedzer Hof wit net dat de relaasje dy’t er nei it ferstjerren fan syn frou mei in Súd-Amearikaanse frou hân hat, net sûnder gefolgen bleaun is. It bern, no de jongfaam Estarella, hat trouplannen en komt diskant út om de har ûnbekende heit te sykjen. It moat in Fries wêze, sy hat in foto by har der’t har heit en mem op steane by in feestje op’e Nederlânske ambassade yn Súd-Amearika. Neidat de húshâldster fan Hof op dy foto in har tige bekend persoan sjocht, is de earste stap nei de oplossing fan it probleem set.
Lit de mem fan Estarella no direktrise wêze fan de firma dêr’t de Hofs saken mei dogge. Nei in tige neisgjirrich ferrin kin it hast net misse of der komme twa brulloften yn’t sicht, want Hedzer en Estarella har mem fine elkoar nei lange jierren wer en soan Rimmert wurdt it iens mei syn oergeunstige faam Nynke.

Us beppe wurdt tachtich

Beppe wurdt tachtich en har bern binne fan doel der in grut feest fan te meisjen. De wenkeamer sil fersierd wurde. Beppe is net thús, mar is troch in buorjonge yn’e bank sjoen. Dy seit, dat se troch de plysje oppakt is omt se de bank bestelle woe. De plysje bringt beppe thús, achterfolge troch in tillevysjereporter. De bankoerfal blykt yn sêne set te wêzen, it jild dat se by har hat is de priis út de Steatslotterij.
Beppe ferdielt it jild onder de bern en giet sels mei de plysjeman nei Bali…

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.