Roudûns

Nei de begraffenis fan de algemien achtenearre winkelman Hartshorne, sitte in mennich dierbere goekunden har meilibjen tsjin de widdo – Ida – breed út te mjitten. Dan wurdt der skille en ferskynt der in frjemdling dy’t har oankundiget as Mefrou Hartshorne….
Tritich jier lyn is se by H. weirûn en se ferget fan Ida – dy’t noait mei de ferstoarne troud west hat – dat dy har yn ‘e hûs nimme sil om ’t se allinne stiet sûnt har soan nei Amearika tein is. Sa net, dan sil se it ‘skandaal’ foar de bûtewacht bekend meitsje. Ida jout ta. Mar net út eangst foar de sjantaazje fan Mildred. Sels fertelt se har freondinnen dat se al dy jierren mei Edward libbe hat as syn frou. En tegearre begjinne se opnij, op gelikense foet no.

Rêstplak

In âlde man en syn frou ha boadskippen dien en nimme it koartste paad nei hûs. Dat rint oer it tsjerkhôf en dêr bliuwe se in skoftsje sitten te bekommen. Pratendewei komme se op har eigen libbensrin. It docht bliken dat de frou mear fan it libben ferwachte hie en sy ferwyt har man dat hy it sitte litten hat. Sy fergeliket him mei in Olivier, dy ’t eartiids ek gading nei har makke. Hy leit dêr net fier fan harren ôf mei syn frou.
As der warskôge wurdt dat de stekken fan it hôf sletten wurde sille, stappe se op. Thús sille se har te gast dwaan oan in sâlte hjerring en in sterk bakje tee, dat is foar Olivier net mear weilein……