De erfenis fan omke Sjors

Hein en Bet ha in kastiel urven fan rike omke Sjors. Mei dochter Loeky, broer Daan en syn frou Dora, sille se harren nije oanwinst yn gebrûk nimme. Allegear royale, grappige folksminsken. Allinnich Loeky rint der wat út. Yn it kastiel treffe se de deftige húsfeint en in húshâldster. En noch in soad oare dingen, heimsinniche, griezeliche dingen, dy’t foaral Daan en Dora de stúpen op it liif jeie. It doocht dêr net yn it kastiel, it spûket dêr. Uteinlik binne it twa oanwaaide gasten, Tanja en Max, dy’t mei help fan Loeky, de boel witte op te lossen. In kluchtige thriller dy’t garant stiet foar in jûn wille.

Mr. Amadini

It giet kroechbaas Bauke Haringsma net foar de wyn. De saak hat net in soad oanrin en de pensjongasten dy’t er hat, wurdt er net ryk fan. De bank easket op koarte termyn fiiftûzen gûne, oars strûpt er der ûnder. Syn suster Aafke soe helpe kinne, mar dat is in grutte nepert. Ek fan syn sweager Hindrikus hoecht Bauke neat te ferwachtsjen, want dat is in sokses dy’t folslein ûnder it plak fan Aafke sit. Syn broer Bill, dy’t út Amerika weromkomt, hat it dêr, sa’t liket, net makke.
Dochs komt alles oan’e ein op syn poatsjes telâne. Yn in fleurige klucht lykas dizze kin dat ek net oars.

Sa hat it sitten

Gerard kin it mei syn bedriuw net lyk hâlde. De skulden groeie him boppe de holle en hy sil minsken dien jaan moatte. De saak kin rêden wurde as er trout mei in goekunde mei gâns modder oan’e kloet. Sy wol graach, mar it liket Gerard wol fleanen.
Yn’e famylje giet it ferhaal, dat syn ferstoarne pake yn of om it hûs in skat ferburgen hat. As dy skat fûn wurde soe, soe ús maat út’e niten wêze. It boarstbyld fan pake, dat in eareplak yn’e hûs hat, sil by eintsjebeslút de kaai wêze ta it finen fan de skat.
En sa as it yn in goede klucht heart, jouwe oan’e ein fan it stik in pear spantsjes inoar it jawurd en komt alles yn kalk en semint.