Van Klaveren wol wat oars

Doeke van Klaveren, âldfeint fan sa’n 65 jier, hat noch noait nei froulju taald, mar no’t syn lêste help, Klaske, troud is en hy wer ris oanklaud sit, liket er in oare wei ynslaan te wollen.
Syn omkesizzer, medysk studint, hat nammentlik ta syn grutte fernuvering in krante-advertinsje lêzen mei namme en tanamme, dêr’t in húshâldster yn frege wurdt, “met flink postuur, tot 30 jaar; huwelijk niet uitgesloten. Aanmelding dinsdagmiddag tussen 4 en 5 uur”.
Doeke junior sjucht it swurk driuwen: omke aanst oan ’t wiif en hy sil meiertiid nei de erfpoarsje fluitsje meie. Mei help fan trije stúdzje-maten, dy’t har as sollisitante oantsjinje, wit de omkesizzer it sa fier te krijen dat omke neat mear fan ‘e froulju ha moat en ta it beslút komt: ‘dan mar allinne!’

Meine as hypnotiseur

Meine hat it o sa bannich. As er fan syn wurk komt, moat er thús oan’e slach. Syn frou is net sterk en syn skoanmem, dy’t by harren yn wennet is op in leeftyd dat se net in soad mear út’e wei sette kin.
As er net boadskipje hoecht, dan is er mei de stofdoek en de skûtelkwast yn’t spier. Ynstee fan dat de froulju tankber binne, sitte se him noch mear achter de fodden. Meine rekket der hast oerspand fan.
As dokter in kear by syn frou komt te sjen, nimt dy Meine eefkes apart en seit dat de frou har mar wat oanstelt en skoan de hannen wapperje litte kin. Dêr soe se sels fan opknappe. Beppe is neffens syn betinken ek folle feardiger as dat se har foardocht, dat Meine moat marris in keardel útmeitsje. Meine docht dit op in wol hier bysûndere wize. Hy bringt de froulju ûnder hypnoaze en dy binne fan syn keunsten sa fan slach, dat se wol om lyk wolle.
Sa rêdt Meine it op, dat er yn syn frije tiid mei in grutte sigaar yn’e holle rint en noflik te fiskjen giet as er der nocht oan hat.