De trije einepiken

De klassiker ûnder de skrillers. Tûzenden kearen spile yn Londen en noch hieltyd jûn oan jûn útferkocht. It gegeven is eins ienfâldich: in jong stel is fan doel keamers yn harren hûs te ferhieren. Se ha net in bulte ûnderfining en amper de sinten om harren gasten in fatsoenlik miel foar te setten mar se begjinne tige entûsjast. De reaksje op harren advertinsje is sa dat de keamers yn harren hûs daliks ferhierd binne en yn in enoarme sniestoarm komme de earste gasten oan. Sawat tagelyk wurdt yn in nijsútstjoering melding makke fan in moard op in frou dy’t eartiids yn ‘e buert wenne hat. Sy wie de pleechmem fan trije bern dy’t troch har en har man op in ôfgryslike wize misbrûkt en ferwarleaze binne. Ien fan de bern is dêrtroch stoarn. In telefoantsje fan it polysjeburo kundiget oan dat se immen stjoere. De gasten skine inoar net sa bot te meien. Se binne hieltyd oan it hottefyljen en de stimming is net fleurich, dy wurdt der hielendal net better op as der in polysje, troch de snie, delkomt. De moard is fansels it petear fan de dei en liedt somtiden ta stikelige opmerkings. Miss Boyle dy’t mei har skerpe tonge net echt populair te neamen is blykt ynienen fermoarde te wêzen. It liket, sjoen it waar, logysk dat de moardner yn hûs socht wurde moat. As dan ek noch bliken docht dat de bân fan sommige minsken mei de histoarje fan de bern nauwer is as ferwachte, is de hel kompleet. As de skys fan de polysje fuort binne besiket hy de saak te rekonstruearjen. De dieder?? It is gewoan te spannend om dy hjir te ferrieden.

Moard op de Nyl

Simon Mostyn is alhiel ûnferwacht troud mei de stjonkendrike Kay Ridgeway. Syn eardere ferloofde, Jacqueline de Severac, is razend dat er har sa hookstrooks yn’e steek litten hat.Se wol wraak nimme en folget it jonge pear op harren houliksreis yn Egypte. Kanunnik Pennefather, de fâld fan Kay besiket om’e nocht om Jacqueline ta bettere gedachten te bringen. Op in jûn – tidens in boattocht op’e Nijl – rint de sitewaasje út’e hân Jacqueline sjit op Simon. As eefkes de alteraasje wat ôfsakke is docht bliken dat Kay mei itselde pistoal deasketten is. Hat Jacqueline har rivale fermoarde? De tsjinstfaam fan Kay, dy’t nei alle gedachten de dieder sjoen hat, wurdt deasketten op it momint dat se har beswierjende ferklearring ôflizze sil. De moard is dêrnei al oplost foardat de plysje oan board komt.

Yn ‘e mist

In automobilist rekket troch de mist mei syn auto yn in greppel. Hy siket om help en bedarret yn in hûs dêr’t Richard Warwick krekt fermoarde is. Dy syn frou stiet noch mei in revolver yn ‘e hân yn ‘e keamer. De besiker biedt oan om har te helpen en dêr giet se op yn. It docht bliken dat Richard, dy’t slim ynvalide is, in tige wreed aard hie. Syn frou wie dêrtroch fan him ferfrjemde en hat omgong mei in oare man. Richard hat ek noch in broer by him yn ‘e hûs, dy’t geastlik net folweardich is en dy’t niget hat oan de wapensamling fan Richard. Syn men wennet ek by harren yn, mar dy kin it net mear oansjen dat har soan Richard geastlik sa oan legerwâl rekket. Fierder binne der dan in ferpleger dy’t net fiis is fan sjantaazje en in tsjinstfaam yn ‘e hûs. De plysje kin sadwaande by elk wol in motyf fine foar de moard. Earst besykjese de skuld te skowen op de heit fan in jonkje dat Richard ris dea riden hat, mar dy blykt al twa jier lyn ferstoarn te wêzen yn Alaska. Op ’t lêst wit de faam de geastlik net-folweardige jonge in bekentenis ôf te twingen en de plysje hâldt it dêr dan ek mar op.
As Richard syn frou fernimt dat har freon him fan har ôfkeart, siket se oanhâld by de man dy’t har helpe woe. En dy fertelt har dan wa ’t de wiere dieder west hat.

Doe wiene der noch……

It lietsje oer “De tsien lytse negerkes” is de reade tried yn dizze skriller. In sekere N. Immen hat in tsiental gasten útnoege yn syn simmerferbliuw op in ûnbewenne eilân. Al dy minsken ha ienris yn harren libben mei de justysje te krijen hân, op fertinking fan moard. Moard koe lykwols noait bewiisd wurde en se waarden frij sprutsen.
Under de gasten is ek de dwylsinnige rjochter Spohr dy ’t der foar soarget dat de minsken dochs noch de straf krije dy ’t se nei syn betinken fertsjinne ha. Twa ûntkomme oan syn duvelsk plan en dy dogge lykas yn it lietsje, nei ferrin fan tiid binne der wer tsien….