De foksejacht

Volpone is de readhierrige rike skevel dy’t yn de tiid fan de Ynkwisysje yn Venetie wennet mei syn miswoeksen dochter Nana, syn kwea-aardige tsjinner Mosca en syn bysliep Catarina. Troch syn rykdom wit er altyd de mazen fan de wetten fan Steat en stêd te finen ta jaloerskens fan Voltore, Corvino en Corbaccio. As Volpone harren ien foar ien, fia Mosca witte lit dat syn lêste oere tichteby is en dat hy harren wol betinke wol yn syn testamint, binne dy trije gau beret om de bút binnen te heljen. Dan ûntwikkelt him in spul fan list en bedroch, habsucht en begearte en de ôfrin is, dat net ien dat kriget, dêr’t er op hope en rekkene hie..Foar Volpone en Nana wurdt it úteinlik in drama, foar Mosca en Catarina liket it better te betearen.

Freed

In arbeider komt thús út ‘e finzenis en besiket mei syn frou de tried fan it libben wer op te nimmen. Hja is by syn ôfwêzigens in affêre mei in oare man begûn. Ta fernuvering fan sawol de frijer as de frou hat de man dêr op in ferrassende manier begryp foar. Stadichoan wurdt dúdlik dat hy omslein hat mei syn dochter en dêrfoar fêst sitten hat.

Kommintaar:
Ien fan de meast súksesfolle stikken fan Claus. Krekt as “De iere breid’ en ‘Suiker’ lit it de wrakseling, de dreambylden en de teloarstelling fan ienfâldige minsken sjen. Lykas faker yn syn wurk is ek yn dit stik ynsest in sintraal tema. Dy ynsest is it gefolch fan in sletten, dompige famyljesfear, dêr’t de ienling iensum yn is en hunkeret nei oandacht en waarmte. Ek yn dit stik makket de iensumens en it ûnfermogen fan de man om út syn isolemint te brekken in djippe yndruk.
Yn it begjin waard it stik foaral priizge troch syn ‘folksk’ karakter. Letter krige men mear each foar de ûnderlizzende symbolyk en de fynsinnige psycholgy. It stik is yn Nederlân in moai soad spile. Yn 1980 hat Claus it sels ferfilme.

HB

In realistysk stik weryn de karakters moai en helder beskreaun binne. Troch wat der ûnder de tekst sit, ûntstiet der in broeierige benauwende sfear. In stik mei prachtige dialogen.
It stik is noch alhiel fan dizze tiid. It konflikt sil foar elk (jong en âld) werkenber wêze. It sil net makkelik wêze om mei de ûnderdrukte emoasjes fan de rolfigueren om te gean en sjen te litten.
Mar mei in regisseur dy ’t wat oandoart en mei in dito ploech spilers, is dit in prachtig stik.

AJ

De iere breid

De heit fan dizze famylje hat ea in ferneamd musikus west en himsels doe ‘Pattini’ neamd, mar driuwt no sawat op syn oantinkens, want als útfierend keunstner is er mislearre. De mem, foarhinne in tige kreaze frou, is ferhurde troch de soargen yn it libben. De húshâlding is sa stadichoan yn’e earmoede belâne.
Yn dizze benearjende atmosfear hawwe de dochter Andrea en har jongere broer Thomas in aparte, tige fêste bân opboud, dêr’t fantasyën, dreamen en spultsjes in wichtige rol yn spylje.
De mem fynt dat mar neat en wol besykje om foar Thomas in houlik te regeljen mei in âldere nicht, dy’t net oan de man komme kin, mar wol in mem hat mei in soad jild. Andrea ferset har hjir bot tsjin, ek om’t hja in ôfkear hat fan wat folwoeksenen ‘dogge’. Yn it begjin wit hja de bernige, geastlik en seksueel ûnripe Thomas noch wol mei te krijen, mar yn de konfrontaasjes mei de mem wit de lêste troch te setten.
De besite fan nicht Hilde ferrint net maklik. De mem manoeuvrearret har en Thomas nachts op ien keamer, mar Thomas wit him hjir gjin ried mei en naait út, de strjitte op. Andrea rint him efternei. As hja weromkomt wit hja dat har mem, dy’t it gesin rêde wol, it houlik dochs trochsette sil. Nei in lêste petear mei Thomas, dy’t de realiteit net oersjen kin en elkenien te freon hâlde wol, lûkt hja har werom. Op it stuit dat har mem tinkt dat hja har by de feiten dellein hat, makket Andrea in ein oan har libben.

Kommintaar:
Ien fan de bêste Nederlânske stikken fan nei de oarloch. Krekt as yn ‘Freed’ (sjoch beskriuwing earne oars) en ‘Suiker’ lit Claus yn dit stik de wrakseling, de dreambylden en de teloarstelling fan ienfâldige minsken sjen. De relaasje tusken Thomas en Andrea liket ynsestieus, mar dat is it yn feite net. Harren flecht yn dreamwrâld – mei prachtige boartlike en poëtyske mominten – hâldt lykwols gjin stân tsjin de hurde werklikheid dy’t troch de mem nei foaren brocht wurdt. Nettsjinsteande dat, behâldt ek hja har sympathike kanten.

HB