Knyntsjedagen

Marian Thorncraft sjocht út nei har knyntsjedagen mei har man Tyler. Se tinkt dat se dy troch bringe sil yn in romantysk, smûk húske op ‘e romte. Se is noch mar krekt oer de drompel droegen, dan ûntdekt se al, dat dizze filla dêr’t se binne “Graveside Manor” (wat in frjemde namme), wat mei oan ‘e hân is. It spoeket der (fansels), hat allegearre heimsinnige gongen (fansels) en is like gesellich as in flearmûsgrot en leit like fier op ‘e romte as it Sintraal Stasjon. In wurkster dy’t hieltyd ferdwynt, in spoek dat mei in bile swaait en trije studinten dy’t in grap foar Halloween úthelje wolle, Marian hat it der dreech mei. En dan noch dy plysjeman, net al te snoad, dy’t in ûntsnapte psychopaat siket en dizze ûntsnapte psychopaat sels. Al mei al, it wurde “geastige” knyntsjedagen dêr.

Jo ha it rjocht om neat te sizzen

Jo binne krekt lekker op jo plak sitten gien, om nei in komyske skriller te sjen, wêr’t josels de dieder yn oanwize meie. In ferteller komt op en jout jo wat tips; wat je foaral net dwaan moatte en wêr’t jo krekt op lette moatte yn it stik. Dan begjint de foarstelling en sjogge jo Fat Daddy, in ryk mar wraaksuchtich hearskip út it suden fan de Feriene Steaten en syn like efterbakse, gemiene plannen meitsjende famylje. Dus jo witte wa der fermoarde wurdt, of net? Mar wa sil dit dwaan? Sweet Mama, de frou dy’t alles wol goed fynt; Hyacinth, de dochter dy’t hieltyd dwaande is fjoerwapens te poetsen; Earl, de sokses of syn allinne mar oan seks tinkende frou, Savannah; of Clete, de noartske putsjeman, dy’t om de ien of oare reden ek yn it testamint stiet?
Dan wurdt Fat Daddy fûn, dea. Mar it lyk blykt net Fat Daddy te wêzen, mar de ferteller! De regisseur komt op it toaniel en plysje Boukema ferskynt. No moatte jo mar útsykje wa fan de akteurs de ferteller fermoarde hat. En jo sille net allinnich de spilersgroep ûnderfreegje, sy ûnderfreegje jo ek! Ja seker, jo wurde ek fertocht! Dizze te gekke komyske triller lit it publyk ta it lêste momint yn it ûngewisse. Oan ’t de lêste oanwizing ferskynt en de lêste komediant syn of har keunsten fertoand hat.

In soer puddinkje

Yn dizze klucht giet it om it testamint fan Desmond Clairborn dy ’t middels syn advokaat syn famylje en sekretaresse komme litten hat foar it foarlêzen dêrfan. De famylje is tige ynklauwerich en is min te sprekken oer de oanwêzichheid fan de sekretaresse. In famyljebân is der net en dat utert him yn ôfgryslike feninige dialogen. De famylje bestiet út in rêd pratende neef, in arrogante soan en syn op Marilyn Monroe lykjende frou, in yn astrology ynteressearre nicht en twa susters, de iene pittich, de oare senyl. De ferstoarne hat in hiel bysûndere betingst opnommen yn syn testamint en dat liedt ta de nedige spekulaasjes en aksjes by de famyljeleden. De ferdieling fan de erfenis blykt op it lêst tige ferassend út te pakken en it is boeiend te sjen hoe’t de ferskate erfgenamen dêr op reagearje.

Lessen yn moard

De earste sêne (foarwurd) wurdt yn in kolleezje seal spile. De kolleezje seal kin oan jûn wurde troch in lessenaar op it toaniel te beljochtsjen. Hjirachter stiet in professor, dy ’t de seal tasprekt. Yn it foarwurd docht bliken, dat de professor les jout yn it skriuwen fan skrillers. Hy hat de klasse yndield yn trije groepen. Groep A, dy ’t de perfekte moard “planne” moat. Groep B, dy ’t foar de wettertichte aliby ’s soargje moat en Groep C, dy ’t in moard oplosse moat.
Nei it foarwurd spilet it stik him ôf yn de wenkeamer fan in âlderwetsk hûs, weryn groep C de moard oplosse moat. It eins net te beskriuwen, safolle ferwikkelings spylje har op it toaniel. It stik hat úteinlik in ferrassend slot.