Skik ris wat op ju!

Freerk hat mei syn kompanjon Henk in útjouwerij yn berneboekjes. Freerk en Jo sille nei in diner foar útjouwers. Henk is in frouljusgek. Hy hat in ôfspraak makke mei juffrou Warnink en tinkt dat hy dan wol mei har terjochte kin yn it appartemint fan de famylje Vos. Linda hat Henk al in setsje troch en wol him in hak sette.
Sy noeget Wouter út en wol mei him in noflike jûn ha yn itselde appartemint.
Dan is Arend der noch, dy’t wat mei Sylvia hat en ek gebrûk meitsje wol fan deselde romte. As Olijfje Smid op it toaniel komt, rint alles oars as elkenien graach wollen hie.

Myn domdryste muoike

De aristokratyske eksintrike Lady Eppingham libbet yn in fantasywrâld fan de fergiene gloary fan it Ingelske Empirium.Sy hat de teeplantaazje oerlitten oan har twa gemiene muoikesizzers.
Dan komt Bontsje, har healsuster del en de sitewaasje feroaret dramatysk. De yntriges fan de beide neven wurde útinoar raffele en sy bemerkt dat der net te beneamen spultsjes spile wurde. Bontsje nimt it heft yn hannen en sa komme de dogenieten foar it ljocht.
It stik spilet yn India en sa is it toaniel ek oanklaaid.
De rol fan muoike is tige opmerklik.

Acht is mear as twa

It stik spilet yn it hûs fan Hanna en Hindrik van Movel. Sy binne fan doel om jûn út te gean. As Lysbeth, Hanna har freondinne, dat heart freget se oft sy dy jûns it hûs brûke mei om allinnich te wêzen mei har frijer. Peter, de man fan Lysbeth, freget op syn beurt oan Hindrik oft hy it hûs dy jûns brûke mei om in famke út te noegjen dat er noch nea sjoen hat, mar fan de tillefoan ken. As Sylvia, it aupair famke, heart dat de Movels jûn fuort binne makket sy in ôfspraakje mei de binnenhûsarsjitekt Alex dêr’t se mei skarrelt. Mar alles komt op de kop ferkeard as Hindrik in stikje fan in leafdesbrief lêst en tinkt dat Hanna in ferhâlding hat. Hy wol net mear fuort. Panyk yn it hûs, want eltsenien hie der al op rekkene it hûs dy jûns foar him allinnich te hawwen. As alle stikeme freonen en freondinnen dan de jûns komme is de gaos kompleet. Eltsenien wurdt foar in oar oansjoen en nimmen wit mear wa’t no mei wa hat. In hilarysk stik mei in goeie ôfrin.

De dreamkeninginne

It stik spilet op’e dei dat Joke Westerbaan trouwe sil. Der sil in grut feest wêze mei 400 gasten. Har heit, Tiede Westerbaan, is in reklameman, dy’t swier oerspand is. Hy is dwaande mei in reklamekampanje oer in famke út de jierren tweintich. Mei de organisaasje fan’e brulloft der ek noch by, wurdt it him te folle. Troch it stik hinne kriget hy in pear klappen op ‘e holle sadat hy ûnder de brulloft in oantal hallusinaasjes hat oer it famke fan’e kampanje. Troch de oaren wurdt hy foar gek fersliten.
Dêrneist spylje noch in pear oare saken. Mei de âlders fan’e brêgeman giet alles mis en sy twifelje oft se harren soan wol oan sa’n gekke famylje ferbine litte wolle. It is lykwols al te let: It breidspear is temûk nei it gemeentehûs gongen. Dêr sitte se mei de 400 gasten.

Nee leave, no net

It slútjûnestik fan 1996 mei fleur en faasje spile yn de Lawei!
It stik spilet him ôf op ‘e tredde ferdjipping fan de eksklusive kleansaak Koekoek en Blom yn Ljouwert.
Yn dy saak barre frjemde dingen en soms giet men der frjemd… It ferhaal giet oer Rintsje Koekoek dy’t it bont makket wat de froulju oanbelanget en hy wrot himsels yn ‘e nêsten as sakeman Piter Roskam him te glêd ôf is mei de bontjas, dy’t foar syn maitresse ornearre wie.
Anders Blom makket de bontjassen, mar it spul dat dêr no troch ûntstiet moat er neat fan ha, mar ja, hy wol syn kollega ek net ôffalle. It wurdt fansels ien grutte ligerij yninoar om, mei ferklaaierijen en weikrûpboarterijen, dy’t, as tempo en timing goed binne, foar in hilaryske jûn soargje sille.