In Rus fersit de bus

In echte klucht! Wannear ’t in Russyske balletdûnser oerrinne wol ut it Eastblok nei it Westen en tafallich telâne komt yn it hus fan de kommandant (in hege funksje op it Ministearje fan Definsje) rint it hielendal út ‘e han. Alles giet ferkeard! En fansels wurdt der hurd mei de doarren slein, wurde der turbulente achterfolgingen ynset en binne de dialogen ekstreem fluch!

Jubileumhotel

Victor Weusink ferbliuwt mei syn frou Emma yn it Jubileumhotel en besiket foar in pear oerkes yn itselde hotel in ôfspraakje te meitsjen mei Sonja Hoppener, de sekretaresse fan de Premier. Hy lit dit regelje troch syn sekretaris Bram Bunning. Dat hie er better net dwaan kinnen! Want as Emma ûnferwacht werom komt, steapelt it iene misferstân him op it oare en rekket it hotelpersoniel folslein oerstjoer

Trewyn yn ‘e suite

Diktus Westerterp hat mei syn frou Rixt in keamer hierd yn it Kürhaus yn Skeveningen. Syn kabinetssjef Hobbe Twerda hat tagelyk in keamer boekt foar de sekretaresse fan de premier. It leafdesnustje fan Diktus leit lyk foaroer de keamer fan de sekretaresse, faaks wol handich mar al de oarsaak fan in soad swierrichheden. As Rixt dan ynienen del komt is de boat oan fansels. Hobbe Twerda moat dan út need de ferfierder spylje fan Rixt, ien en al betizing. Op ’t lêst witte de gasten en it personiel hielendal net mear wêr’t se oan ta binne.

Houlik yn duplo

Jeroen Smit is taksysjauffeur yn Ljouwert. Hy hat in frou yn Huzum en yn Ljouwert. Troch it roaster hiel sekuer oan te hâlden is er bysteat west al trije jier syn bigamy foar beide dames ferburgen te hâlden. As er op in jûn in âlde frou helpe wol, dy’t troch in pear taskedieven oanfallen wurdt, rint it skema yn de war. As de plysje him thúsbringt, docht bliken dat er yn it sikehûs in oar adres opjûn hat as by de plysje. De betizing wurdt noch grutter as syn buorman Piter him út de niten helpe wol. In homoseksuele buorman út Ljouwert en twa ynspekteurs fan plysje bringe de beide froulju folslein yn ûnstjoer.
It “Theater van de lach”hat dit stik destiids brocht as “Kink in de kabel”.

Och heden heit

Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy is troud mei Hanne, dêrby hat er in dochter, Elkje. By Barbara dy’t yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn’e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant “chatten” west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoast moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat te foarkommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen, mar spitigernôch slagget dat net. Jeroen moat bekenne en dan docht bliken dat de bedrager bedragen is… Dit alles spilet him ôf yn ien dekor .. in echte sprankeljende klucht.
In soad aksje yn in razend tempo!