Leafde as mûnster

Elyot hat earder mei Amanda troud west, mar dat houlik is op’e non rûn. Altyd rûzje, sels slaan en ek alkoholisme wiene de oarsaken fan de skieding. No is hy op houliksreis mei syn twadde frou, Sibyl. Se binne yn Frankryk bedarre, yn in moai hotel. At er jûns bûten op it terras sit, sjocht er dat Amanda op it terras neist dat fan him sit. Ek sy is foar de twadde kear troud, no mei Victor, en ek op houliksreis, tafallich yn itselde hotel. Se komme der achter dat se eins noch wol gek op elkoar binne en beslute tegearre út te naaien. Der blykt noch wol wat âld sear tusken Elyot en Amanda te sitten dat noch net ferwurke is. Victor en Sybil dy’t harren achternei reizge binne, fine harren fjochtsjend yn de fakânsjeflat fan Amanda yn Paris. Dêr giet it rûzje meitsjen gewoan fierder en ek Victor en Sibyl dogge grif mei. Oan it ein fan it stik naaie Elyot en Amanda wer tegearre út.

Wat in ferskining

In skriuwer hat op jonge leeftyd syn frou ferlern en is foar de twadde kear troud. Foar de stof fan syn boek wol er wolris ûnderfining opdwaan mei it kontakt dat guon minsken hawwe kinne mei ferstoarne persoanen. Hy noeget dêrta in frommeske út, dêr’t fan bekend is dat se as medium kontakt mei guon fan de ‘oare kant’ bewurkje kin.
It slagget har by it opfieren fan in séanse dat de skriuwer syn earste frou har as ‘ferskining’ oan him foardocht. Hy kin har sjen en mei har prate.
Syn twadde frou kin har hearre noch sjen, tewyl’t dy der wol by is as har man mei syn eardere frou praat. Dat jout oanlieding ta ûnwêzenlike petearen omdat de twadde frou réagearret op syn praat mei de earste. Se wurdt dêr sa oerémus fan dat se har mei de auto dearydt.
Dan binne beide froulju ‘oan ‘e oare kant’ en kinne sawol mei him as mei elkoar prate.

Dêr tuskentroch hat frou Travaille, it medium, eins allinne mar belangstelling foar de wize dêr’t de ferskiningen op ta stân komme en mar amper foar de minsklike problemen dy’t dêr mei anneks binne. Foar har is it hichtepunt as bliken docht dat it it tsjinstfamke Elske is dy’t de ferskiningen sjen kin.
By einbeslút docht Travaille op oanstean fan de skriuwer har bêst om de beide ferskiningen wer ‘oergean’ te litten nei de ‘oare kant’.
Net hielendal wis fan har saak, riedt se de skriuwer oan om safier mooglik fuort te gean fan it plak dêr’t alles him foardien hat. Dat docht er…..