Hûnehotel ‘De byljende hûn’

Regina is it sêd om thús te sitten. Se hat betocht om in eigen saak te begjinnen. En dan ek noch eat mei bisten. Se begjint dêrom in hûnehotel. Dat se net goed beseft wat dat allegear ynhâldt blykt wol út it feit dat se ferjit dat har man allergysk is foar hûnen. Boppedat komme der besikers fan alderlei minsken oer de flier. Wat te tinken fan in frou dy mar gjin ôfskied nimme kin fan har leafste of fan dy geheimsinnige frou dy`t in soad belangstelling hat foar it hûnehotel mar faaks noch wol mear fan de man fan Regina. As wie it noch net moai genôch komt ek noch ris de mem fan Regina útfanhúzjen omdat it fersoargingstehûs ferboud wurdt. En dan rint der ek noch in handich boantsjelap om. Allinnich spitich dat hy sa nijsgjirrich is. Koartsein alderlei tûkelteammen yn it nij hûnehotel.

Opskuor yn it meditaasjesintrum

Julia beheart it meditaasjesintrum Rusty, bystien troch har stazjêre Haijo. Op in dei komme der ferskate gasten. Wat te sizzen fan it folkse pearke Bart en Roxanne? Hja komme wol hiel ûnferwachts en binne tige erchtinkend nei elkenien. En wat fiert de skiteldeftige mefrou Heleen de Rooij út? Hja hat wol in hiel soad belangstelling foar it sintrum. Mar it wurdt pas echt stressen foar de gasten as der in plysjeynspekteur opdûkt dy`t foar har wurk wat freegje moat. Allegear fragen wêr jimme op it ein fan dit blier spul andert op krije.

Hotel ‘Trije kear rekke’

De trije eks froulju binne in hotel begûn. Dat falt net mei. It binne trije ferskate karakters. Grif as der in jeuzelkont fan in freon omrint dy ’t mear yn ‘e wei rint as helpt. As der in gast komt wêrfan jin de kribels krije en in echtpear dat yn har witebôlewiken sitte binne de misbegripen net mear te tellen yn dit bliere spul.

In frjemde fûgel

Arend-Jan sjocht allinne mar nei fûgeltsjes en net nei famkes. Oant er Merel ûndersteboppen rint. Se ferkloft it ankel. Hy fielt him skuldich en bringt Merel nei syn hûs om har dêr te ferbinen.
Syn mem is hielendal oeral as de notaris min nijs bringt.
Mem wol dat Arend-Jan de saak oernimt, de notaris wurdt fereale op ‘e butler, Mem sjocht Merel oan foar koerier, beppe tinkt dat Merel in nije help yn ‘e húshâlding is en de butler hat foaral each foar it drankkammenet en de oerbuorfrou….
Koartsein: In frjemde fûgel is in kluchtich toanielstik mei faasje en frjemde fûgels mei ferskillende fearrepakken.

Houlikshotel

It sil jo mar oerkomme: krekt troud en dan docht bliken dat tidens de houliksreis jo man mear om fiskjen jout dan om jo..
Of jo hawwe in man dy’t in hekel oan kuierjen hat, mar wol graach in konjakje ( en mear) mei…
Of jo frou nimt jo mei nei in romantysk hotel, wylst jo wurkje moatte en de koers fan de dollar sakket mar..
Of jo wurkje krekt in oere as betsjinster en dan docht bliken dat jo trije houliken rêde moatte..
Of jo sykje gewoan in keamer en jo wurde misledige troch in mei dûbele tonge pratende man…
Ja, yn dit fleurige stik kin jo dat oerkomme..

Blomkje op kantoar

Lammert en Jan wurkje op kantoar. Lammert, in flotte jonge man, is altyd ynteresearre yn moaie froulju. Jan is just hiel ferlegen by froulju. Hy praat in soad oer syn mem en oer syn leafhawwerij: blomkjen. Op dizze wurkdei komt der in nije sjef, Rixt. Lammert sjocht har en is daliks fereale. Hy giet drekt by har lâns om ris efkes te praten. Underwilens sit Jan allinne as Jantsje mei de kofje komt. Jantsje hat in eachje op him en lit dit dúdlik blike, alinne Jan skynt der net sa’n soad fan te merken. Se griemt kofje oer syn boesgroentsje. Se wol it daliks waskje. Jan skammet him en ferstoppet him yn it archyf. De kollega’s fine it mar frjemd dat hy dêr sit mei de doar op slot. As syn mem dan ek noch lâns komt is de situaasje hielendal ûngemaklik. Uteinlik griemt Jantsje noch in kear de kofje oer Jan; dan kin hy ek net mear ferbergje dat er fereale op har is. Syn mem lit harren mar alinne.

De ferrassing!

Beppe sil har jierdei fiere en hat har dochter en de beppesizzers útnoege yn in âld pleatske op it plattelân, dêr’t se sels opgroeid is. De iene beppesizzer, Nikolyn, fynt it prachtich – dat primitive – mar har suster Harmyn en mem Rika fiele harren fierste deftich foar sa’n achterôf gat. Mar se hâlde har koest want se ferwachtsje dat beppe har ferrassing betsjut dat it famyljekaptaal ferparte wurde sil.
Wat net ien wit, is, dat Nikolyn ek in ferrassing hat. Sy hat de suster fan beppe útnoege dêr’t beppe al hiel lang gjin omgong mear mei hân hat, om’t dy beiden maatskiplik sa ferskillend te plak kaam wiene. De ûntknoping fan it tema fan dizze ienakter: “Jild makket net lokkich” komt pas yn ’t alderlêst, as ferrassing!