De bernedokter

Thalia Sluyter is in pensjonearre bernedokter, se wennet, tegearre mei Giuseppe, dy’t har helpt mei fan alles en noch wat en mei har dochter (?) Beth, fier fan ’e bewenne wrâld yn in berch-/lânhûs mei in grut stek der omhinne. Thalia hat 6 eks-pasjintsjes útnûge.

Wylst Giuseppe kreas docht wat de dokter graach wol en Beth opsletten sit yn har ‘sel’ ferrint de besite fan de dames dochs wat rommeliger as dat dokter Thalia tocht hie. Beth ûntsnapt, in tal persoanen wurde wei yn it grutte hûs fan de dokter en de jierdeitaart sit fol sliepmiddels.
De reden wêrom’t de dames by dokter Thalia komme is dúdlik, mar wêrom wol de dokter eins dat de dames by har komme? Dit ôfgryslike geheim wurdt pas oan it ein ûntdutsen en fernuveret sawol de froulju as de taskôgers fan dit sinistere blijspul, dat humoristysk, spannend en ferrassend bliuwt oant it ein. In toanielstik dat it publyk bytiden yn it moed taast en de grutte tema’s net mijt.

Sûker

Annabel Gispen is in pommerante by in ynternasjonaal bedriuw, dat sûker makket.
Se is troud mei Eelko: Eelko is de húsman en ferfeelt him. Harren soan hyt Jan en de dochter Mel. Op it stuit dat we yn de kunde komme mei de famylje wit Eelko fan ferfeling net mear wêr ’t er it sykje moat, hat Mel in “identiteitskrisis” en sit Jan op swart sied. Dan wurdt der oanskille. Mefrou Sis(sink), de húshâldster, dêr’t sa’n stik net sûnder kin, docht de doar iepen en Winnifred den Oudsten komt der yn stoarmjen. Se siket om in listlûker foar har nije politike partij; “Hup Holland”. In partij, dy’t him yn “Jip-en–Janneke-taal op de feiligens fan de boargers rjochtsje sil en op de swierrichheden mei de yntegraasje. Op it lêst nimt Eelko dit listlûkersskip op him en hy besaut him oer de frjemde hobby ’s fan syn nûmer twa.
Wilens is der ek in famyljelid fan mefrou Sis by “huze Gispen” oankommen: dochter Rafaëlla. Rafaëlla hat om dúdlike reden 2 jier út ’e rûlaasje west en nei alle gedachten is it dêrom dat mefrou Sis har namme net iens útsprekke wol. Rafaëlla wrot har yn de húshâlding fan de listlûker fan: “Hup Holland” en se kriget in bân mei syn beide bern.
Dan giet it hurd. Annabel nimt in “focking sabbatical” by de sûkerfabryk, om’t se troch har man syn politike ambysjes net wurkje kin. Ynienen binne de beide bern ûnder fertochte omstannichheden ferdwûn. Winnifred wurdt betrape op it manljus-húske (RTL-boulevard hat der bylden fan), Eelko ûnderfynt dat ek “Jip-en-Janneke-taal” net altyd like dúdlik is, Mel har identiteitskrisis fynt syn ein yn ’e earmen fan Donald Duck, Jan ruilet syn ferslaving om. “Hup Holland” giet nei gychem en Winnifred driget harsels tekoart te dwaan. Mar as by ’t einbeslút de reekwolken oplûke, liket der net in protte oars wurden te wêzen… Of dochs??

Susters yn saken

It kleaster fan mem oerste en de susters Agaath, Klara en Francisca sit yn jildpine. It sjocht der sels nei út dat meikoarten it kleaster fallyt gean sil. Aartsbiskop Siemelink, dy ’t elts jier in wike yn it kleaster komt om út te rêsten, is dan ek fan doel it kleaster te ferkeapjen. Der binne sels plannen om fan it kleaster in kasino te meitsjen en de susters earne oars te pleatsen. De bychtfaar en freon fan de susters, pastor Breukelmans, kin tsjin dizze snoade plannen neat ynbringe en grypt mar wer, stammerjend en al, nei de miswyn. Dan komt ynienen Guus Jongeneel, oftewol mynhear Bil van Building Investments Limitted. In bliere en kordate man dy ’t grutte plannen hat mei it kleaster.

It klapstik

Der lizze 4 pasjinten op in sikeseal. Teun en Nicolet ha in slim auto-ûngemak hân en Rebekka leit der mei galstiennen. De frou fan Teun freget har ôf wa’t Nicolet is en wat dy by har man yn’ e auto die. Rebekka tinkt dat sy galstiennen krigen hat troch spritskoeken. Sy easket in skeafergoeding fan de fabrikant.
Der binne twa dokters, ferpleechkundigen, in dietiste, in fysioterapeute, in Turkse skjinmakker, in clini-clown en in letselskeade-advokaat.
Sa’n trijekwart jier letter leit Teun syn frou op seal. Sy lit har in bytsje ferbouwe. Der komt oan it ljocht dat dokter Sep ryk wurden is troch yllegale hannel mei organen. en fan wa soe suster Wuppie swanger wêze? In stik mei kolderike teksten, yntelliginte humor en slapstick effecten.

Straf

It ferhaal spilet him ôf yn in fersoargingshûs op’e keamer fan Anton. Anton hat nei syn ferhúzjen gjin wurd mear sein en hat him del jûn yn syn rolstoel. Sa no en dan komt de dochter fan Anton op besite. Se hâldt fan him, mar syn swijsumens en ûnwil om syn hûs te ferkeapjen, spilet har parten. Suster Carla en Sylvia fersoargje him, mar de taak wurdt te swier; der moat ien by komme. Dizze help wurdt Bert, dy’t in taakstraf hat. Bert wurdt folge troch syn reklassearringsamtner. Bert is feroardiele omdat er ien oanriden hat, krekt dêr foar hie der in bankoerfal west in pear strjitten fierder. De dieders binne pakt, mar de bút is net werom fûn en Bert wie de sjauffeur. Bert liket in soarchsume fersoarger te wêzen. Ut skuldgefoel? Binne der oare motiven dy’t in rol spylje? En wa is Wendy? In moai plot, in protte humor en út en troch wat oandwaanlike mominten.

Is goed

De âlden fan Noortje wenje yn in moai en grut hûs mar se ha gjin neil om de kont te klauwen. De saak fan Noortje’s heit Winand is faillyt.Winand rekket oan’e drank en Noortje har mem Puk siket mear in strukturele oplossing. Har dochter soe mei Jan-Willem trouwe kinne, syn âlders meitsje mei harren syljacht in wrâldreis en moatte dus wol jild ha. It houlik moat in sukses wurde. Erkan, de klus-Turk is ynhierd om de grutte hal op te knappen, hy sil ek trouwe, mar hy hat syn breid inkeld op in ûndúdlike foto sjoen. Ek Loet, de weddingplanner is ynhierd. Jan-Willem is op it moment suprême smoardronken en der moat dus in oplossing fûn wurde. Erkan nimt it plak yn fan Winand en oarsom. De gefolgen binne minder simpel. Acelya komt oan (de oansteande breid fan Erkan) en sy ferwachtet dat Winand de heit fan har bern wurdt. Fierder docht bliken dat de âlden fan Jan-Willem ek gjin jild ha, Jan-Willem twivelt oan syn ‘natuer’en úteinlik giet it houlik fan Noortje en Jan-Willem ek net troch. Mar in oar houlik liket op kommende wei…

Ferliezers

De húshâlding van Gorp wennet yn de Diamantstrjitte en bestiet út de heit Fred (eigner fan in frituersaak), mem Trees (sy hat net in fleurige natuer), dochter Nienke (‘gothic’ en sy lêst yn Nostradamus) en dochter Sophie (dy ’t in rol ha wol yn in televyzjesearje). It ferhaal begjint as de hiele Diamantstrjitte de postkoadelotterij wint, allinne de húshâlding fan van Gorp wint neat: Trees hat lotten kocht foar de pleatslike boarterstún. De buorlju komme geregeld by de famylje oer de flier en dêr wurdt it net fleuriger fan. De presentatrise fan de lotterij krijt in idee om in realitysoap oer de van Gorps te meitsjen. It program “de Ferliezers” is in feit. As heit syn senioarenfrituer ek noch mislearret liket it gelok foargoed dien te wêzen yn de Diamantstrjitte. Oant Trees dochs noch wat wint: in midwike yn in húske fan Center Parks. De ein is in begjin fol nije hope yn de ‘idyllyske’ omjouwing mei fuortby de oankrûpmuorre.

Rêst, Frede en Flinterman

It stik spilet him ôf yn de showroom fan begraffenisûndernimming Flinterman Uitvaarten. De beide susters Adelheid en Esmé liede de saak. Harren mem Maria is in deminterende frou en de dochter fan Esmé, Colette is in opstandich fanke. Neef Lenny, in eks-finzene, siket foar in skoftsje ûnderdak en lûkt by de famylje Flinterman yn. It docht bliken dat er in hiermoard plege moat, in sekere Dulcinea, dy’t oan de oare kant fan’e strjitte wurket as advokate. Dan komme der noch twa dubieuze klanten, dy’t harren wol hiel frjemd gedrage. Ien en oar wurdt frij komplisearre mar úteinlik falt der mar ien bewustleas del en liket alles goed ôf te rinnen.

Ferfalske

It stik spilet him ôf yn in atelier/húskeamer fan in skilder. De skilder ferfalske eartiids skilderijen; doe ’t de kenners hjir efter kamen, waard it him te hjit ûnder de fuotten en flechtte hy mei in frou nei Súd-Afrika.
Syn eks-frou, dy’t him net snuven hearre mei, en dochter bliuwe yn Nederlân efter. It ferhaal begjint op it stuit dat de plysje de dochter freget nei it atelier (yn Nederlân) fan har heit te kommen, omdat har heit, dy’t sy net ken, dêr fermoardde fûn is. Hja komt mei har freon – in krekt ôfstudearre keunstkenner- nei it atelier en wurde dêr troch in “inspekteur” opfongen.
Fierder draait it ferhaal foaral om in echt skilderij dat in protte jild wurdich is. De man tinkt dat syn eks dat earne ferstoppe hat.
Uteinlik blykt de skilder net fermoarde te wêzen (hy is de “inspekteur”), hy wurdt troch de freon fan syn dochter ûntmakere.
Al mei al in echte skriller.

Brulloft

It stik spilet him ôf yn de trouseal fan it gemeentehûs. Larissa sil trouwe mei Bennie, mar op it gemeentehûs docht bliken dat Bennie der net is. De ûngerêstens en fernuvering slacht al gau om yn lilkens. En lilkens is in prima basis foar twifel. Twifel oer it houlik yn it algemien en oer manlju yn it bysûnder. Larissa hâldt ynearsten fol dat se fan Bennie hâldt, mar as Imca opkomt – in freondinne fan Bennie- twifelt Larrissa ek. Brit, de suster fan Larissa hat neat mei manlju en Gina, de freondinne fan Larissa hat blaasûntstekking en docht oars net as nei it húske rinne. De wurkster fan it gemeentehûs, dy’t sels al 3 kear troud west is, lokwinsket Larissa mei it feit dat se net troud is. Jûns fiere de dames feest, want alles is betelle. Troch wat tefolle alkohol komme de tongen los, der wurdt dûnse, songen en Brit hâldt in speech. Ynienen giet it mobyltsje fan Imca, it is Bennie….

Bûnzjen fan boppen

Mathilde Sterkendam, in frijgeselle frou, fersoarget har mem, in rike mar sike frou. Mem makket har kenber trocht te bûnzjen op’e flier. En alle kearen as der bûnze wurdt moat Mathilde opdrave. De oare twa bern bekroadzje har amper om it wol en wee fan mem (Conny) en dochter. Bruno, de soan, is in plastysk sjiruch dy’t ferslave is oan de kokaine. Hy besiket syn mem inkeld om jild te lienen foar syn djoere ferslaving. Eugenie is de frou fan Bruno, mar se wol skiede. Eugenie is ferslave oan drank en besiket har skoanmem inkeld om har beklach te dwaan of om jild te lienen. Mathilde hat noch in suster, Simone. Simone is troud mei Berend Onnes, harren lokkige houlik liket oan klisjees en truttichheid ûnder te gean. De iennige stipe dy’t Mathilde kriget by de fersoarging fan har mem is dy fan de húsdokter, Richard Fausser. Al gau barre der frjemde dingen; Berend Onnes kriget in fataal hertynfrakt- wylst er noait earder hertklachten hie. De húsdokter is der lykwols fan oertsjûge dat it it hert wie. Dan ferstjert de mem fan Mathilde, mar it bûnzjen giet troch. Simone Onnes rydt har dea as gefolch fan stikkene remkabels. De húsdokter liket ferstân te hawwen fan auto’s. In ynspekteur fan plysje – ynspekteur Els Zinger_ hat sa har twifels oer wat der allegear bart by de Sterkendammen. Mar dan sjogge wy hoe’t de foarke yn’e stôk sit. Mathilde en de húsdokter fermoadzje tegearre Eugenie Sterkendam. Mathilde wol op dizze wize oan it jild fan har mem komme, en tagelyk it “bûnzjen yn har holle”stopje. No moat Bruno noch dea. It rint speak en Richard Fausser sjit him dea en daliks komt ynspekteur Els Zinger opdraven. It spul liket nei de ein te rinnen en Mathilde en de húsdokter binne derby. Mar dan neamt de ynspekteur mefrou Sterkendam Mathilde. En Mathilde neamt de ynspekteur Els. It lêste skot falt en Richard Fausser stoart del.
In spannend ferhaal, mei in soad ferrassingen en in hiele ûnferwachte ûntknoping.

Gewoan te gek

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – Lisette, Femmie, Isar en
Bram – wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere greinten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte.
Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in ’talintfol’ gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.

De goate

“Pension de Goate” in opfanghûs foar dak- en thúsleazen hat 4 bewenners. Alle bewenners ha har eigen spesifike eftergrûn:
1. in oan legerwâl rekke akteur
2. in wat âlder hoerke
3. in “junk”, dy’t dakleazenkranten ferkeapet, mar eins graach skriuwer wêze woe
4. in swalkster, dy’t har besit yn in winkelkarke hat en in pop as har bern behandelt.
It pension wurdt laat troch Toos, in wat autoritêre frou mei in hert fan goud. Fan in frijwillichster, Pien, dy’t yn it pension wurket, docht letter bliken dat sy research docht foar in rol as swalkster yn in t.v. soap-searje.
Mei help fan it bestimmingsplan besiket de buert, yn’e persoan fan in buorfrou, it pension ta evakuaasje te twingen. Dan kriget Pien de rol yn de soapsearje. De bewenners krije elk in by har passende taak yn’e begelieding fan it nije talint: “Pension de Goate” wurdt “Impressariaat de Goate” en mei yn de buert bliuwe.

De froulju yn ús libben

It stik spilet him yn de earste 2 bedriuwen, op de dei foar Keninginnedei, ôf yn 1970. Yn in studintehûs yn Amsterdam wenje 2 jonges en 4 famkes. Hans is in flierefluiter en Thomas wat bleu. Dan komt de mem fan Hans op besite en om’t Hans syn stúdzjejild feilich stelle wol, ruilje de jonges fan dwaan en litten. Thomas de flierefluiter en Hans de bleue. Hans hat in hasjcake bakt en der ûntsteane frjemde tafrielen tusken mem en de hospita, nei it priuwen fan de cake.
It 3e bedriuw spilet 20 jier letter. Hans is deeglik troud en hat in dochter, dy’t no yn datselde studintehûs wenje sil en it is wer de dei foar Keninginnedei. Dêr moetet hy Thomas, dy’t sjirurch wurden is, ryk en in fanatyk rokkejager. Der ûntstiet in komyske konfrontaasje tusken de beide mannen. In aardich, hjoeddeisk stik.

In gast tefolle

It lytse romantyske hotel ” De zeven kabouters” docht wat ferâldere oan. Sjors en Anneke Hulsman driuwe de saak mei help fan it keamerfamke Tilly.
Rioelsjoernalist Gerard Hals wol de kwaliteit fan it hotel buorkundich meitsje en dat belooft fansels net folle goeds. Foardat hy lykwols ta dieden oergean kin wurdt er fermoarde. Wa, o wa is de dieder? Oan kommissaris Vredenhof de taak om de moard op te lossen.

Listige lusten

Ticht by it oarlochsfront stiet “Tanja’s thuis” in besletten klub foar iensume hearen. Der wurkje 3 famkes as selskipsdame. Rudolf is de iennichste man, dy’t oerbleaun is út de oarloch. Hy hat himsels nl. neist syn 2 sûne skonken in houten skonk oanmjitte litten om “feilich” te wêzen. Hy wurket by Tanja en misbrûkt sa no en dan de houten skonk. Republikein Generaal Karrespoor en Royalist Kolonel Achterhof binne beteljende klanten mar meie yn ferbân mei de Boargeroarloch elkoar net moetsje. Dit wurdt oars as de soldaten Otto & Lodewyk op it toaniel ferskine. Sy binne de oarloch sêd. En op in stuit, as de generaal en de kolonel net folle oan hawwe, moetsje sy elkoar. Mei dizze konfrontaasje komt der in ein oan de oarloch.

De rjochter en de linker

Sim Sanders, bynamme Linker, brekt yn by rjochter Esther Smulders. Wylst er dêr mei dwaande is, komt de rjochter thús, beselskippe fan plysje-kommissaris Persein. Sim siket in hinnekommen achter de oergerdinen en sadwaande is er tsjûge fan de net-winske yntimiteiten fan de kommissaris foar de rjochter oer. Sim komt har te help en slacht de kommissaris bûten westen, mar dan?
Gelokkich dat der dan in plysje oanbellet dy’t seit dat sy in ynbrekker ynrekkenje moat. It is lykwols Linker syn dochter en ûnderling ha se ôfpraat dat op dizze wize Linker altyd bûten skot bliuwt. Mar no bringt se de kommissaris thús, yn stee fan dat se har heit ‘op pakt’… dy kin it yntusken aardich pratende hâlde mei de rjochter.
Der moat in plan betocht wurde om de kommissaris lyts man te meitsjen en mei help fan de wurkster wurdt in falle útset en dy slacht goed ticht!

In saak fan gewicht

‘Dúnsate’ is in slankheidsynstitút mei as haad Edzard Stienstra, alias Masjupo Basjwata. Edzard wurdt bystien troch Monika, de skientmespesjaliste en Erik, de masseur en sportynstrukteur. Lotte, dy’t in relaasje hat mei Edzard, fungearret as gastfrou. De filosofy fan ‘Dúnsate’ is basearre op in al lang ferstoarne berchmûnts út Nepal en dêrta wurdt it natuermiddel Liposan brûkt.
Mar yn werklikheid sitte Edzard en Monika yn ‘e kokaïnehannel, de koke wurdt ferhannele as flessen Liposan Eksport.
Oan ’t begjin fan ‘e nije wike slankheidsterapy komme wy yn ‘e kunde mei de meidoggers oan dy kursus. De measten komme wol om ôf te fallen, mar dochs barre der frjemde dingen. Sa is ien fan de gasten in altyd itende kommissaris fan ‘e plysje, mefrou Vredenhof, dy’t op oanstean fan har sjef oan ‘e kursus meidocht. Sawol de gasten as de lieding gedrage harren nuver, elkenien liket inoar yn ‘e gaten te hâlden en dan ynienen falt de earste deade: Edzard.
De pleatslike plysje hâldt it op in hertoanfal mar Vredenhof tinkt harres! As Erik it dan ek noch ôfleit siket sy nei de wierheid: wat stiet der yn de doaze fan mefrou Grau? Hoefolle hat mefrou Falk foar de kursus betelle? Wêrom is mynhear Segers der eins? Wa fermoarde Erik? En ta beslút: Is Edzard eins wol stoarn oan in hertoanfal?

Wingelsma

Op moandeitemoarn komt it persoaniel fan it kantoar stadich op gong. Harren sjef hat him noch net sjen litten en as it jongste famke him in kopke kofje bringt sjocht se him heal neaken en dea op ‘e flier lizzen. Wingelsma syn sekretaresse wit wat der de freeds dêrfoar bard is en se noeget de beide oaren út om, mei har, nei te spyljen wat sy meimakke hat.
Sa komt de taskôger te witten dat de sjef wolris wat oars woe as mei mefrou Beverdam prate oer it wurk. It docht bliken dat sy him derta krigen hat de rollen om te draaien, sy ‘baas’ en hy ‘hearrige’. Dat is sa út ‘e hân rûn, dat de sjef der yn bleaun is…
In oanrieder foar wa’t ris wat oars wol as in sljochtweihinne blijspultsje.