Lucky Manuelo
In heit, fabryksarbeider, is der wis fan dat syn dochter in stjêr wurde sil en hy wol ta it úterste gean om har te helpen dat doel te berikken. Hy skriuwt har yn foar withoefolle talintejachten. Mar de sjuery’s tinke der hiel oars oer: in karriêre as sjongeres sit der foar it fanke net yn. De heit nimt emoasjonele maatregels; hy wol syn fanke op dizze wize sjen litte dat hy mâl mei har is. Hy is hjiryn bysûnder orizjineel en giet hiel fier, mar allinnich it resultaat telt: úteinlik is elkenien ferneamd.