Ut ‘e pas

It akkordearret net bot tusken Ir. Baars en syn wetterboukundige, Folkert Dykstra. De yngenieur syn fertsjinsten lizze meast op it mêd fan de froulju (dêrûnder ek Ank, in famke fan it kantoar) en hy mist folslein de ferantwurdlikheid dy’t syn berop freget.
Folkert is dêrfoaroer ien en al gevens en hy fielt him dreaun ta bealigjen by nacht en by dei, om skriklike bylden út ‘e besettingstiid út syn tinzen te bannen. Hy wurdt ienselvich; idealisme wol er neat mear fan hearre nei wat it libben him leard hat; dat hy beslút om fuort te gean. Mar Ank, yntusken ûntmaskere troch de hannel en wannel fan har baas, wit him der fan te oertsjûgjen dat it desertearjen wêze soe. Hy bliuwt. En syn baas? Nei in mislearring fan in kerwei, út eigen ûnachtsumens, wachtet er syn degradaasje net ôf, mar rommet foartiid eigener beweging it paad.

Nij lân

De skriuwer jout ús yn dit stik in byld fan it hurde, rauwe bestean fan ‘e arbeiders yn ‘e polder, dy’t har frije tiid slite yn ‘e ientoanichheid fan it keetlibben.
Haadtema yn it stik soe men neame kinne de demoanyske driuw fan de ploechbaas-strjitmakker Hotse om syn jongere broer Watse kost wat kost te wreken op Inne Rypma, de nije útfierder op it wurk, om in ienris begien ûnrjucht.
Mar men moat dit stik lêze en wurd foar wurd yn jin opnimme om de bedoeling fan de skriuwer te fetsjen: begryp op te bringen foar de djip-minsklike ferlangens en begearten dy’t yn dizze rûge oarde kwalik of gjin útwei fine.