Keamer ferkeard
Twa houliksfeestjes tagelyk yn in hotel. Nei ôfrin sitte de twa breidspearkes tegearre noch even oan’e bar en nimme noch ien as beslút. Dat rint sa slim út’e hân dat de obers de pearkes nei harren keamers bringe moatte. By fersin lizze se ien fan de breiden by de ferkearde brêgeman. De oare moarns jout dy brêgeman syn keamerkaai oan de ober om’t er de rest fan’e moarn net steurd wurde wol. Hy wol no syn houliksnacht noch wier meitse. As er “syn frou” einliks wekker krigen hat, krije se beide de skrik fan harren libben….