Samar thús

Maggie Howard is in hiele rike frou om ’t se in grutte erfenis krigen hat. Neffens har fertsjinnet har man Glenn mar in hiel lyts bytsje en hy kin syn baan wol opsizze.
As Maggie in jûntsje fuort is, praat Glenn mei Sheila Wallis, in aktrise en in freondinne fan Maggie, Dan docht bliken dat Glenn en Sheila in ferhâlding ha en dat Glenn Maggie fermoardzje wol. Hy is har iennichste erfgenamt en sûnder har jild soe er net mei Sheila trouwe kinne. Sheila moat Glenn helpe oan in aliby. Sy moat de auto fan Maggie yn in sleat ride. Hy sil Maggie fermoardzje en yn in fiver goaie tichtby dy sleat. Se fabrisearje in tal bewizen en alles wurdt goed berekkene. Mar it rint doch efkes oars.
It publyk is tsjûge fan in tal ferrassende scênes. ‘Samar thús’ is in echte thriller fan de Ingelske detectiveskriuwer Francis Durbridge.

It deadlike sliepmûtske

Sarah Redford en Edward Donnington ha de makelerij erfd fan harren heit. Jack Redford, troud mei Sarah, is de direkteur fan dizze makelerij.
Jack is net sa earlik yn syn wurk. Apparteminten stoarte yn ensf..
As Edward it net iens is mei de gong fan saken, fermoardet Jack him. In wurknimmer, Geoffry Curtis, dy’t dien krigen hat en Sarah letter sjantearret, fynt ek de dea. Is er fermoarde?
Jack wurdt op in dei dea fûn, by it swimbad. Hat er himsels te koart dien? Wie der in ynslûper? Hat Sarah it dien? It stik is spannend oan de ein ta.

De útfanhûzer

Robert Drury is in bekende filmstjer en syn frou Stella is in bekende aktrise. Se binne beide mâl mei harren soantsje Mike. Robert nimt him mei nei Rome at er dêr prate moat oer in nije film.
Krekt at Stella yn petear is mei in sjoernaliste, komt Robert ûnferwacht thús, mar sûnder Mike. Ferbjustere heart Stella dat har soan ûntfierd is. Al rillegau komt majoar Crozier by harren thús. Hy freget gjin losjild, hy wol allinne twa dagen by harren útfanhûzje. It wurdt noch frjemder at Crozier delstutsen wurdt troch ynspekteur Burford, dy’t gjin ynspekteur blykt te wêzen, mar dy’t itselde wol as Crozier: twa dagen útfanhûzje. Wêrom wolle dizze minsken allegearre itselde? Robert Drury mei in koarte besite oan syn soantsje bringe, mar wurdt dêrnei opsletten. Dan komt syn dûbelgonger Henderson en tegearre mei Stella moat er nei New York om in opdracht út te fieren. Krekt foardat se fuort geane docht bliken dat Burford troch in tûke set fan Robert oppakt wurde kin.