De greate keizer

De lêste keizer fan it grutte Romeinske Ryk, Romulus, wit dat syn steat allinnich noch mar rjochte is op ûnderdrukking en dat der gjin inkele moraal mear hearsket yn it eartiids sa machtige ryk. Hy beslút ta passyf ferset. Op syn paleis op it plattelân fersoarget er syn hinnen en docht neat om it leger fan de ynfallende Germanen ûnder lieding fan Odoakar te kearen. Hy wachtet oan’t syn ryk falt en as dat bart is, ferwachtet er dat Odoaker him deadzje sil. Mar as Odoaker ferskynt wol dy himsels krekt oan de ‘grutte’ Romulus ûnderwerpe. Krekt om’t er sa’n anty-held is moat Romulus te foar kommen dat de Germanen no in ‘folk fan helden’ wurden (en dus letter krekt sokke ûnderdrukkers wurde sille as de Romeinen wienen) – sa tinkt Odoaker. Mar Romulus wol net. Hy lit de troan oan Odoaker, dy’t no op syn beurt wachtet op syn neef Theoderich. Dizze Theoderich sil beslist de nije keizer ombringe en dan in nij, krekt sa bloedich en tiidlik ryk grûnfêste as it Romeinske Ryk wie.

De âlde dame op besite

Yn dizze oersetting spilet it stik yn Jarrum, in earm, middelgrut plak. Jarrum kriget besite fan de multimiljonaire Claire Heinsmaransa, dy’t dêr eartiids wenne. Sy wenne eartiids yn Jarrum. No wol se Jarrum in miljard skinke, yn ruil foar gerjochtichheid. Dizze gerjochtichheid is de feroardieling en dea fan de man, Yll, dy’t har eartiids mei in bern sitte liet. De boargemaster nimt it oanbod net oan. De minsken feroarje lykwols de libbenstyl, se hannelje as wiene se ryk. Claire wachtet ôf. Uteinlik is de oerienstimming ûnder minsken sa grut, dat Yll te lâne komt yn in minskenmassa en anonym fermoarde wurdt. De dokter stelt as deadsoarsaak in hertoanfal fêst. Claire jout it jild oan Jarrum.

De fysisy

Dokter Mathilde van Zahnd is, troch har rike foarâlden, yn steat partikulier in ynrjochting te driuwen foar rike, yntelliginte geastessiken. Dêr binne trije fysisy by. Fan harren docht de iene him foar as Newton, de oare as Einstein, wylst de tredde úthâldt, dat kening Salomo oan him ferskynt. Neidat alle trije in ferpleechster fermoarde hawwe, wurde der sterke, manlike krêften ynset, komme der traljes foar de finsters en wurde de doarren skoattele.
Alles tsjut der op, dat de skriuwer de konsekwinsjes sjen litte wol fan in wittenskiplike ûntjouwing, dy ’t de minske boppe de holle groeie kin en yn prinsipe de mooglikheid yn him hat, fan it folsleine ferneatigjen fan it minskdom.