Dûbel op

Hector Vermeulen is sjirurch en chef de clinique yn de Unlimited Beauty en Health klinyk. Hy runt de klinyk tegearre mei Valerie. Hector is in trochtrape fint en it komt him net sa krekt mei de moraal. Hy giet oer liken om syn foardiel mar oeral út te heljen. In wrâldskokkende útfining fan syn hân sil syn namme definityf op de kaart sette.
Mar dan rint alles mis. Gelokkich is der syn sullige twillingbroer Harrie. Dy sil dan de skuld fan alle behandelingen dy’t mislearje op him nimme moatte. Mar de broer liket noch ûnnoazeler as yn earste ynstânsje tocht waard en hy soarget der foar dat alles yn it hûndert rint. Ek in ambisjeuze sjoernaliste komt yn it fermidden om har eigen ‘Watergate’ skandaal te sykjen.