Huzaresalade

Henk sjocht dat Nance yn in supermerk in bakje huzaresalade pikt en merkt dat de manager it sjoen hat. Hy betellet it tagelyk mei syn oare boadskippen sadat Nance net op stellerij betrape wurde kin. Nance helpt Henk om de boadskippen thús te krijen. Om ’t glûpende kâld is mei se har by de kachel opwaarmje. As se him ferteld dat se dy nacht bûten sliepe moat, begruttet it Henk om har. Se kriget in miel iten en mei even lekker ûnder de dûs. Hy wasket en drûget har klean en se mei dy nacht bliuwe te sliepen. De oare moarns jout hy har noch in lunckpakket, wat fruit en 20 euro mei.
De besite fan dizze frjemde jongedame is de buorfrou net ûntgien en sy freget om útlis.
Dy jûns stiet Nance wer by Henk foar de doar. No hat se ek noch in freon meinommen. Dat sint Henk neat, mar hy lit it doch ta. Hy fynt it goed dat se ien nacht bliuwe, mar dêrnei moat it definityf ôfrûn wêze. Dy nacht betrapet hy it duo dat dwaande is om syn hûs troch te sykjen en wurdt it ek dúdlik wêrom ’t hy sa begien wie mei de libbensomstannichheden fan Nance.

Theedrinkerij

It sil foar Paul altyd de fraach bliuwe oft er syn bliksemkarriêre oan syn persoanlike kwaliteiten of oan dy fan syn oantrekkelike Nicole te tankjen hat. Op syn earste wurkdei as ‘sales- en marketingmanager’is sy útnûge troch de frou fan de direkteur. Dêr wurdt se direkt foar it blok set. Paul syn affeksje foar in hegere status ûntnimt him it sich op de realiteit. Hy hat totaal net yn ‘e gaten dat Nicole, út leafde foar him, ree is oer de grinzen fan it moreel talitbere te gean.
Mar dan blykt dat se nei in tydlike ynsinking tegearre wer fierder gean.

Terrasklanten

De titels binne 1. Even tuskentroch; 2. Reiske nei it ferline; 3. Sneintemiddei en 4. Time out

De ienakters gean oer hjoeddeiske maatskiplike foarfallen, mei ferrassingen en humor. Jo komme yn ‘e kunde mei (un)gewoane minsken, sa t jo se daagliks tsjinkomme. Se fertsjintwurdigje in trochsnee fan de maatskippij, der’t fan alles bart.

Weromreis

Ed giet mei syn frou trije dagen werom nei de stêd dêr’t se beide hikke en tein binne. As se op in terras sitte dêr’t hy har 42 jier lyn frege hat om mei him te trouwen, wurdt hij bestookt troch selsferwyt

Neam my gjin mem

Twa jier nei de berte fan har dochter Gerrie is de man fan Alice Winter mei in oare frou útnaaid en moast se har sels rêde. It is net sa dat se de manlju no hatet, mar folle ferlet fan in nije relaasje hat se ek net. Se is skriuwster wurden en kin goed yn har eigen ûnderhâld foarsjen. At har dochter Gerrie, dy’t yn Amsterdam studearret, seit dat se it wykein thúskomt mei in freon, giet Alice der fan út dat se har eigen freon bedoelt. Mar Gerrie is fan doel om dizze freon oan har mem te keppeljen…

Jus d’orange mei in tik!

As Ellen Woudenberg fernimt dat har ienige famyljelid, har wolstelde en heechbejierre âldtante oan in tredde jeugd begûn is, beslút se om as de wjerljocht poalshichte te nimmen. Op it plak sels konstatearret se dat har âldtante harsels al in healjier fersoargje lit troch in ynwenjende ferpleger. Se wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmennich rike dames om it libben brocht binne troch twa ferplegers. Dat barde mei medisinen en neidat de manlju de slachoffers earst fan harren kaptaal berôve hiene… It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter as se sjocht hoe wiis as tante mei har ferpleger is en ek fanwege dy syn heimsinnige telefoantsjes om presys twa oere nachts. As notaris komt om it al besteande testamint te wizigjen, feroaret alles yn razend tempo. Dokter moat halje trawalje komme, omdat alles der op wiist dat de ferpleger syn fatale plan útfierd hat. Mar wie hy wol de dieder, of wie’t de húshâldster, dy’t alles wist en fan tichtby meimakke? Of wie’t de achternicht sels?

De brief

Twa freondinnen, Bea en Martha sille in dei nei Amsterdam. Martha hat krekt te hearren krigen dat de man -in piloat mei wa’t de seis jier ferlyn in relaasje hie- en dêr’t se doedestiids berjocht fan krige dat er mei syn fleanmasine ferûngelokke wie, noch libbet. Hja hie de deis foar’t ûngelok noch in brief fan him krige, hy skreau dat har relaasje in fersin wie, syn langstme gie út nei in oaren, hoewol, de frou dy’t er bedoelde wist dat sels noch net. Martha tinkt dat er dêr Bea mei bedoelde. Der folget in muoisum petear tusken de beide froulju.

Twa kibje, twa skuld

In stik oer en foar it amateurtoaniel. As Hiddo Walkema ál tefolle yn it toaniel opgiet, sinnicht dat syn frou, Alian, mar min. Man en frou libje dan ek byelkoar lâns. As Alian telefoantsjes fan in ûnbekende oanbidder kriget, seit se dat om dy reden dan ek net tsjin har man. Dy hat it ek fierstente drok mei de jonge kreaze haadrolspylster.
Alian har mem wol ha, dat Alian ek mei toanielspylje sil, dan kin se yn Hiddo syn hobby diele en kin alles wer yn ’t rjochte spoar komme. De ûnbekende oanbidder wurdt bekend en wurdt n.b. lid fan Hiddo syn toanielselskip! No driget de situaasje pynlik te wurden!
De stjerspylster fan it selskip wurde slieptabletten tapart, dan kin Alian in jûn har plak ynnimme om it sadwaande wer mei har man iens te wurden. De repetysjes wurde by Hiddo en Alian oan hûs hâlden, mar mei troch de eigen sinnen en nuveraardichheden fan de spilers, rint alles yn ’t hûndert. By einsluten docht bliken dat Hiddo, earst as in grapke, letter út erchtinkendheid, de persoan wie dy’t Alian anonym skille hat. Beide witte dan dat se tenei mear betrouwen yn elkoar ha moatte.

Stressbestindich

Direkteur Houtman is ferskuorrend nijsgjirrich oft harren offerte NedGemy oanstiet, mar Wessels, it ôfdielingshaad kin him noch neat fertelle. De nije ferkeaper De Graaf, is der foar ’t earst alline op út en it giet om 2,6 miljoen. Dan blykt der in faks te lizzen fan justerjûn, dat oaren better leverje kinne. De Graaf is ta weismiten keard, Houtman hat nea witten wêrom’t er oansteld is en Wessels hie him daliks al sketten…. dy man moat mar wer ôffloeie! Mar as De Graaf dan komt en fertelt hoe’n wurk as er hân hat om in tuskentiids telefoantsje fan Wessels (mei as gefolch dy faks) wer lyk te breidzjen en dochs ek noch de oarder te bemachtigjen, slacht Houtman om as in blêd oan ‘e beam en is Wessel de biten hûn…..

Moard of tafal

Mem hat jierrenlang siik west en leit no op stjerren. De húshâldster en de jongste dochter Maria fersoargje har. Maria lit beide susters Anne en Vera, dêr’t se yn lang gjin omgong mei hân hat, komme. De soan fan de húshâldster Tom hat in ferhâlding hân mei Vera, mar leit it no oan mei Anne. Op in stuit komt Anne te ferstjerren. Wa is de skuldige?
Ynspekteur De Vos siket dat út.

Grinzen

Op ‘e repetysje fan in amateurklub binne allinne Anne en Ben. De regisseur wol de frijsêne op ‘e nij oefenje. Dêr moat mear gefoel yn. De man fan Anne is jaloersk.
Neffens de regiseur moatte de grinzen fan wat wol en net kin ûntdutsen wurde. Ben blykt de meast muoite mei dizze spylwize te hawwen. Lilk stapt er op.
Om wa syn gefoelens en illúzjes giet it hjir, dy fan ’t publyk, de spilers of fan ‘e regisseur sels?