De sekte fan Swami

De freonen Theo en Willem slute harren oan by de sekte fan goeroe Swami Sri Ramshni, fanwege de ‘ frije seks’! It docht al gau bliken dat dizze sekte neat út te stean hat mei seks, mar mear mei de hannel yn drugs.
En dy stiim fan de goeroe kenne se.
Dan giet harren in ljocht op. Se spylje it spultsje mei en sa slagje se der yn dat de hiele drugsline oprôlle wurdt.

Lodewyk fjirtjin en in heal

It stik spilet yn de 17e ieu yn it kastiel fan de kening. It komt him net sa krekt mei de froulju en ien kear yn’t jier nimt er in bad. Keamerhear Jacques kriget de opdracht om ûnder alle omstannichheden syn frou, keninginne Maria-Theresia bûten de doar te hâlden. Dit is net sa’n ienfâldige taak, de tsjinstfaam, Chantal mei de grutte tetters, de balletlearaar en noch mear minsken binne gek op Jacques. De man rekket al hiel fan slach en as dan blykt dat de keningin ek wol sin oan him hat, ropt er de kardinaal der by. Midden yn dy tizeboel komme der in pear toeristen oan it hof en tagelyk komt de keningin mei in ultimatum. Se wol binnen twa oeren har man sjen en oars giet de kop fan de keamerhear der ôf. De manlike toerist Harco wurdt ferklaaid as kening, omdat er in protte op him liket. Dit liket in gouden greep te wêzen!

In goede freon en kollega

Theo Kuijer komt thús fan in personielsfeest. Hy is moai oansketten. Kollega Joris bringt him thús. Hy hat wat tefolle oandacht bestege oan de frou fan de baas. Efkes letter komt sy ek delsetten. Se doart net nei hûs. Bang dat har man wat troch hat. Fansels komt dy ek nei Theo en sadwaande bedarje Wilma en Joris yn de kast. At Theo him der mei in smoes útwurke hat komt Trudy – sy is deabenaud foar har man en flechtet dêrom nei Theo. Se kriget ûnderdak, mar ek har man komt en dizze mept Theo ynelkoar. Wylst sitte Wilma en Joris noch yn ‘e kast. Ensfh. ensfh…
In klucht fol ôfwikseling, de iene is de doar noch net út of de oare stiet der alwer. Persoanen wurde ferwiksele, rûzje oer en wer en fansels dyjinge dy’t ûnskuldich is kriget de measte klappen.