Op ‘e hichte

Fiif fakânsjegongers komme ûnder lieding fan in profesjonele gids oan op it berchplato dêr’t se harren kamp foar de nacht opslaan sille. Allegear ha se harren eigen motyf om foar sa’n aktive, mar ek primitive fakânsje te kiezen. Mar komt dat wol goed? As de muoite wêrmei’t se it plato opklauterje in metafoar is foar de rest fan de fakânsje, dan is it noch mar de fraach oft se it ein wol goed helje sille. De groep wurdt pleage troch snobisme, fobyen, ûntrou, dronkenskip… eins tefolle om op te neamen. In “happy end”? It leit der mar oan hoe’t je it besjogge.