It advertinsje

Jabik Damstra, in âldfeint fan efter yn ‘e fyftich, hat in húshâldster en dy fertelt him op in dei dat hja in advertinsje sette litten hat foar in man. Hja wol net lykas in kunde fan har, dy’t neaken en bleat op ‘e dyk kommen is te stean, doe’t de man by wa ’t se tsjinne, wei kaam te reitsjen.
Dit is foar Jabik in grut probleem: hoe fynt er ea wer in frommes dat sa goed yn ‘e húshâlding is as Gepke? Moat er faaks ek mar om in frou sjen? Buorman Gjerryt, dy’t mei in kring fan in frou troud is, riedt him dat tige ôf.
As dominy by him komt, leit er dy it gefal foar en dy riedt him oan mar op dy advertinsje fan Gepke te skriuwen. Dat docht er: hy jout it brief mar streekrjocht oan Gepke en sadwaande binne foar beide de problemen yn ien kear oplost.

Wat is jild dochs raar guod

Sytse Kempenaer hat syn fêst baantsje opjûn en moat no alhiel fan syn boekskriuwen bestean.
Dat skriuwen wol de lêste tiid net botte bêst mear flotsje en sadwaande ûntsteane der finansjele problemen yn ‘e húshâlding. Dy problemen komme sterk nei foaren as frou Kempenaer mei in djoere mantel thúskomt, dy’t hja mei banksjeks betelle hat. Mar Kempenaer stiet by de bank al yn ’t read.
Sa ûntsteane der spanningen yn ‘e húshâlding, dêr’t fierder noch twa jongfammen diel fan útmeitsje.
Alles feroaret ynienen, as fan de útjouwer it boadskip komt, dat ien fan syn boeken yn Amearika útjûn wurde sil en der grif ek noch in film fan makke wurde sil. It jild streamt dan binnen en Kempenaer reizget fan it iene lân nei it oare en syn húsgehoaten sjogge him amper mear.
Hy wurdt langer libbe en dêr kriget er nei in skoft skjin-en-de-skjin syn nocht fan. Hy kiest op it lêst foar minder publisiteit en sadwaande ek foar minder ynkommen om mear by syn húshâlding te wêzen.

In suterich eintsje libben

Sybren Keizer (40) hat trije jier sitten omdat der in famke fan 12 jier dat byles fan him krige fan him yn ferwachting rekke wêze soe.
Hy is lykwols ûnskuldich, mar ûnderfynt as er frijkomt hoe fijannich de wrâld foar him oer stiet. As syn frou by him op ‘e hierkeamer komt, lit dy útkomme dat hja net oan syn ûnskuld leaut; nei de skieding wol hja trouwe mei in oare man.
De amtneres fan de reklassearring, dy’t him begeliede moat, smyt him syn skuld oanienwei foar de fuotten. Dan komt it fanke, dat abortearre is, by him mei in blomke en ûntskuldigingen en seit dat har heit de skuldige wie, mar dat dy har deaslein hie as hja dat foar de rjochter ferteld hie. Ek dy belangrike ferklearring foar him oer, kin gjin wêzentlike feroaring bringe yn syn situaasje.
Alles bliuwt tsjin him en net ien leaut him. Alles is er kwyt: syn frou, syn baan as learaar en boppeal it betrouwen fan de minsken.
As de lju, dêr’t er de keamer fan hierd hat, de reden fan syn feroardieling hearre, wize hja him op slach de doar. Hja hawwe ek in dochter fan dy leeftiid. Hy freget harren noch eefkes it húske brûke te meien en ferhinget him dêr. Ut it praat fan de keamerferhierders en de juffer fan de reklassearring docht bliken dat hy as it oan harren leit de skuld oant yn de dea ta meinimt.