Stoarm oer lyts Mankum

Dean, in jonge frou fan 30 jier, dy’t har troch de need net altyd ta deugd oansteld hat, is folslein op it goede paad terjochte kommen en dat wurdt bekroane troch har houlik mei de fabrikant de Jong, dy’t wol om ende by de 50 jier is en al in troude en in net-troude soan hat, mar dat dochs tige lokkich foar har liket te wurden.
Mar der komme komplikaasjes: De bern en benammen de jongste soan en de skoandochter, binne op jild fan de âlde hear út en dat komt troch dit houlik fierder fan harren ôf te lizzen. Dat as it pear fan de houliksreis werom komt, is der oars net ien thús as de húshâldster, dy’t de nije mefrou ek al mei skeane eagen oansjocht. As bliken docht dat beide soannen yn de tiid dat heit op reis wie har grutte bedragen út de saak taëigene hawwe, dan kriget heit in hertoanfal, dy’t slimmer is as de earste kear. In âlde muoike wit it stellene jild en de stellene auto fan de jongste soan werom te krijen en de jonge mefrou fynt út dat de húshâldster fan har húshâldjild troch de jierren tolve tûzen gûne efteroer drukt hat. Dat jild is der noch en dêrmei wurdt de skuld fan de âldste soan lyk makke.
By einsluten binne de bern harren jonge twadde mem tankber foar wat se dien hat, al komt der in skieding tusken de âldste soan en syn frou út fuort. It ‘laat geluk’ sit dan wol oan fêst dat Dean mei in wrakke man fierder moat. Mar wa wit komt it letter noch sa, dat se de âldste soan trouwe kin, want dat liket as reserve foar har no wol ynboud te sitten.

De lytse feniks

Yn in hotel-restaurant oan de Belgyske grins komt allerhande folk oer de flier, sa as smokkelders, fakânsjefierders, in breidspear en de plysje dy’t achter de smokkelders oan sit. En kastleinske Tina moat regaad yn al dat folk hâlde…
Gâns eleminten dy’t in stik ta in klucht meitsje binne oanwêzich: aardige types, werkenber taalgebrûk, fatsoen, seks, respekt (of krekt net) foar de autoriteit. In moai rychje misferstannen en persoansferwikselingen komme úteinlik allegearre op har poatsjes telâne!