Otto, in yntellektueel fan kwizekwânsje, is by syn frou weirûn en hat in flatsje hierd. Dêr komt buorman Freark by him, dy’t in pear doarren fierder wennet en dy’t ek wol fan syn wiif ôf wol, mar net wit hoe’t er dat ha moat. Hy freget Otto om ried. Dan set er dochs troch en leit syn matras yn it flatsje njonken Otto sines.
Underwilens hat Otto syn frou Ankeline alris oer de telefoan besocht kontakt mei Otto te krijen, mar as dat net slagget, komt hja sels om de sitewaasje ris te ferkennen. It duorret net mâle lang of Tet, Freark syn wiif, komt ek alris te sjen. It liket op partnerruil ta te gean, dêr’t de froulju it ek wol in bytsje op oanlizze. Dan sjogge wy dat de sivilisearre Otto him yn dwaan en litten ferleget ta it triviale peil fan Tet en dat Freark him besiket op te lûken oan dat fan de ‘sjike’ Ankeline. Hja ferkeare dan mei har fjouweren yn itselde flatsje. Ankeline lykwols sakket it earst troch de koer en Freark, dy’t yn Otto syn ideaal seach (dat is in man; dy set troch) en sels dochs al net sa stevich yn ‘e skuon stie, giet ridlik gau deselde kant oer as Ankeline.
Otto liket syn bekomst fan Tet te krijen, mar hy wol, sa’t er seit, neat mear fan froulju witte. Dat de beide dames wurde der mei har matrassen út set. Freark hat Otto wol gewurde litten mei dat útsetten, mar kin it sûnder syn frou net úthâlde. As Ankeline, as hja al op bêd lizze, oanskillet en seit dat Tet op him leit te wachtsjen, hoecht Freark him net te berieden en siket syn wyfke wer op. Mei Otto hinget it der gâns swierder yn. Hy kin himsels mar net oerwinne. Mar as Ankeline it ta it uterste komme lit, giet hy der ek ûnder troch en giet wer mei syn frou op hûs oan.