Bloedbrulloft

Dit stik is basearre op in reëel foarfal. It drama fan een tradisjoneel arranzjearre houlik yn in doarp. De breid trout mei in man dy’t har neat seit. Op de trouwerij lit se harsels ûntfiere troch de freon dy’t al jierren fereale op har is. Troch dit foarfal falle der deaden en nimme de nacht, de moanne en de wrâld demoanyske foarmen oan. In stik oer de kar tusken gefoel en ferstân.

De leafde fan Don Perlimplin en Belisa yn syn tún

Don Perlimplin, in rike âldere man, trout mei de moaie Belisa. Al yn’e houliksnacht bedraacht se him mei fiif mannen. Perlimplin syn winsk is dat sy, al wie it mar koart, him leaf hat. Foar dit doel presintearret er himsels as in heimsinnich hear, dy’t yn it tsjuster by har komt en brieven stjoert. Sa wit hy har leafde te winnen. Belisa wol dizze man graach fan tichtby besjen en Don Perlimplin soarget foar in moeting. By de moeting komt hy as himsels en seit dat er de heimsinnige hear deadzje sil. Wat letter fynt Belisa in ferwûne man en sjocht se dat it Don Perlimplin is dy’t, om har te befrijen, de hân oan himsels slein hat.

It hûs fan Bernarda Alba

Nei de begraffenis fan har twadde man ûntfangt de strange Bernarda Albada út fatsoen de besite en easket dat dêrnei it libben syn loop wer nimt. Mei ynachtnimming fan de ferplichte rouperioade. Foar har fiif dochters betsjut dat in grutte kwelling. Hja wolle libje, derop út, trouwe miskien. Dêrop makket allinne de âldste dochter út it earst houlik kâns, Angustias. Hja mei jûns troch it finster mei traaljes prate mei in potinsjele houlikskandidaat. Troch it strange libben fan ôfsûndering oefenet dizze ‘Pepe el Romano’ (romano is eins sigeuner) in enoarme oantrekkingskrêft út op de oare dochters. De iennige dy’t dat dúdlik beseft is de âlde húshâldster Poncia, mar har besykjen om dat oan Bernarda Alba dúdlik te meitsjen hat gjin súkses. Ta grutte hilariteit fan de famkes naait beppe – de mem fan Bernardo – somtiden út har keamer. Hja is in bytsje gek wurden en dwilet oer hertstochtlike frijers en kreamet mei har tachtich jier goare ferskes út.
Bernarda Alba sjocht har twongen om tsjin de stream yn allinne mar stranger de hân te hâlden oan’e oarder. Har grutte soarch is wat ‘men’ der wol en net fan tinke moat. Hja hâldt har dochters it lot foar fan in ‘wylde frou’ út it doarp dy’t mei in oar omsloech en dat
mei de dea bekeapje moast.
By de jongste twa suskes is it ferlangjen nei ‘bûten’ en nei leafde – belicheme yn de figuer fan Pepe el Romano – net mear te hâlden. Der brekt ûnienichheid en oergeunst út en úteinlik blykt dat de jongste dochter Adela har nei de nachtlike moeting oan it raam mei Angustias har frijer jûn hat. As Bernarda dat heart, pakt hja in gewear om de ynkringer te ferjeijen. Adela tinkt dat hja him rekke hat, slút har op en makket in ein oan har libben.
Bernarda Alva wol net dat der gûld en kletst wurdt. Foar de bûtenwrâld sil har dochter as faam begroeven wurde.

Kommintaar:
Hoewol’t it stik him ôfspilet yn de strange wrâld fan it andalusyske plattelân fan foar de oarloch, is it noch hieltiten hiel werkenber. It is helder fan taal, soms poëtysk en boartlik, somtiden strak en mei ynhâlden agresje. De hanneling is altiten maklik te folgjen.
Hoewol’t it ein net foarsisber is, fiele jo dat it net oars as fataal ôfrinne kin.
Haadtema is de ûnderdrukte seksualiteit fan froulju, dy’t libje yn in wrâld dêr’t it iepenbiere libben útslutend it domein fan mannen is. Dat men dy mannen yn dit stik net sjogge, ek net de oanbeden Pepe el Romano, makket harren ûnsichtbere macht allinne mar sterker. Ek Bernarda Alba sels, dy’t har dochters besiket te beskermjen yn in bastion fan fatsoen en selsbeheining, is dêr it slachtoffer fan. Allinne har mem ûntlûkt har dêroan, mar dy wurdt dan ek opsluten as gekkin.
De ûnderdrukte seksualiteit fan de dochters stiet net allinne foar de frustrearre erotyske ferlangens mar foar de ûnderdrukking fan alle mooglikheden om ‘nei bûten’ te gean en sels it eigen libben bepale te meien.
It stik is tige libbendich, mei in soad faasje en poëzy, en wis en seker net allegearre tryst en treurich. Foaral net as it giet om it gedrach fan de famkes ûnderling.
Foar in ûndernimmende regisseur en dito ploech froulju is dit in skitterend stik, dat ek foar amateurs helber blykt te wêzen.

HB

Yerma

Yerma is troud mei de boer Juan. It is gjin lokkich houlik. Seksueel fielt Yerma har net ta Juan oanlutsen. Hja wol hiel graach in bern en dêrom frijt hja mei Juan.
Juan is in tryste, ferfeelsume man mei mar in bytsje gefoel. Yerma seit fan Juan: “Hy jout my kost en ynwenning”. Yerma fielt mear foar Victor, in boer út ‘e omkriten. Der wurdt oer Yerma en Viktor praat. Juan hellet dêrom syn twa susters yn ‘e hûs om op Yerma te passen. As Yerma ynsjocht dat hja ûnfruchtber bliuwt, wurget hja har man Juan.
Kommintaar:
It yn 1934 skreaune stik Yerma spilet him ôf op it Spaanske plattelân. In stik dat nochal wat freget oan organisaasje, in protte spilers en dekorbou. Der wurdt gebrûk makke fan lyryske en poëtyske taal. Guon parten binne hielendal yn dichtfoarm. Ek moat in part fan de tekst songen wurde.

SP

Doña Rosita is frij faam

Yn it stille, dreamerige Granada, om de ieuwikseling hinne, wennet it jonge famke Rosita (of Roaske) by har omke en muoike, dy’t har mar graach wat ferpopkje. Har omke kweekt foar syn plesier seldsume roazen, lykas de ‘feroarlike roas’, dy’t mar ien dei bloeit. Blommen – en wat blommen te sizzen hawwe – spylje yn dit stik in belangrike rol. Lykas alle jonge famkes wol Rosita graach trouwe. Yn har neef hat se har ‘prins op it wite hynder’ fûn. Mar de neef moat fuort, nei de pleats fan syn heit yn Súd-Amerika. Rosita nimt har foar om op him te wachtsjen….
En wachtsjen docht se. Jier yn jier út, jierren lang, om einlings Doña Rosita – of mefrou Rosita – wurde te kinnen. It twadde bedriuw spilet tsien jier letter en it lêste nochris tsien jier letter. Hieltyd mear lûkt it ferlangen fan Rosita himsels werom yn it wachtsjen – oant se lang om let hast net mear oer strjitte doart. Al dy jierren fan wachtsjen gean úteinlik foarby as ien dei: as dy iene dei wêrop de ‘feroarlike roas’ bloeit en ferwylket – foar nimmen.
Kommintaar:
‘Doña Rosita’ is in romantyske komeedzje, bytiden drôvich, bytiden poëtysk, mar ek mei in soad iroany en humor. It ieuwige wachtsjen fan Rosita mei dan fergees wêze, mar it wurdt net feroardiele. Mei ‘Doña Rosita’ skipet Garcia Lorca ek in byld fan it Spanje fan begjin dizze ieu, dat him – lykas Rosita – weromlutsen hat yn in deadlike stilstân, mar dat yn dy stilstân ek moai en sinlik is. It wachtsjen en it langstme skerpje ús sintugen én ús gefoel foar ferganklikens mear as de fuortdalikse ferfolling fan ús ferlangens.

HB