Om de kroan fan Ingelân

In keamer yn de beruchte ‘Tower’ fan Londen (ca. 1554), dêr’t prinsesse Lysbet, beskuldige fan heechferrie, har lêste dagen slite moat, as de Keninginne, har bloedeigen suster, net ta ynkear komt.
Troch de wei fan in trucje, dêrby holpen troch in hofdame fan Lysbet, sonder dat dy dêr weet fan hat – wit se de Keninginne te belêzen en sa by har yn in goed bledsje te kommen.