By Lydia
In hûs yn Efeze yn de earste tiid nei it libben fan Jezus as de befolking yn dy kontreien noch swier te lijen hat ûnder de besetting fan de Romeinen.
In hûs yn Efeze yn de earste tiid nei it libben fan Jezus as de befolking yn dy kontreien noch swier te lijen hat ûnder de besetting fan de Romeinen.
Dit bekende en dierbere ferhaal fertelt oer de hege pryster Artaban, dy’t in teken oan de himel sjoen hat, dat der yn it lân fan Judea in kening berne wurde sil, dy’t de sykjende wrâld in grut ljocht bringe sil.
Artaban wurdt by it sykjen nei dizze kening bot op de proef stelt mar úteinlik fynt hy oan it ein fan syn krêften toch de kening en ûntfangt it ljocht.
In famke leit op bêd, se is slim siik. Miskien libbet se net lang mear. Mei kryst komt de ingel Ariël by har op besite. De ingel wol witte hoe’t it is om in mins te wêzen, hoe’t iten smakket en hoe’t it fielt as der bloed troch je ieren streamt. Se prate ôf dat sy fertelle sil wat it ynhâld om in mins te wêzen, wylst Ariël útlizze sil wat it betsjut om in ingel te wêzen.