De feint fan twa masters

Sanny Draaier is feint by Siderius Heroma út Hearum. Mar om wat mear bûsjild te hawwen soe hy der eins wol in master by ha kinne. At jo no foar ien as foar twa de brieven fan de post helje, dat kin wol yn ien loop. It slagget him om der in twadde master by te krijen mar dan begjinne de tûkelteammen pas goed. Om ’t Sanny net lêze kin hellet er de brieven troch elkoar, hjir wit er him noch út te rêden,mar at de beide masters tagelyk ite wolle makket hy der in potsje fan om ’t er net wit welk iten at foar welke master is. Kommintaar: In prachtige komeedzje dy ’t troch Tryater rûnom yn Fryslan spile is. It is en bliuwt in nijsgjirrich stik, wer ’t troch in ploech dy t fan in útdaging hâldt, in protte wille oan te belibjen is.

De feint fan twa masters

Sanny Draaier is feint by Siderius Heroma út Hearum. Mar om wat mear bûsjild te hawwen soe hy der eins wol in master by ha kinne. At jo no foar ien as foar twa de brieven fan de post helje, dat kin wol yn ien loop. It slagget him om der in twadde master by te krijen mar dan begjinne de tûkelteammen pas goed. Om’t Sanny net lêze kin hellet er de brieven troch elkoar, hjir wit er him noch út te rêden,mar at de beide masters tagelyk ite wolle makket hy der in potsje fan om’t er net wit welk iten at foar welke master is.
Kommintaar:
In prachtige komeedzje dy’t troch Tryater rûnom yn Fryslân spile is. It is en bliuwt in nijsgjirrich stik, wêr’t troch in ploech dy’t fan in útdaging hâldt, in protte wille oan te belibjen is.
NB! It stik is net allinich in oersetting, mar ek in bewurking. Dat jilt ek foar hollânske oersettingen, lykas dy fan Ernst van Altena en dy fan Erik Vos.

GD

De goedhertige bulderbast

Angelique dy’t by har broer Dalancour en syn frou wennet, is fereale op Dalancours freon Valere, dy’t har gefoelens beantwurdet. Angelique doart net út te kommen foar dizze gefoelens tsjinoer har omke Gerante, dy’t yn in appartemint yn itselde hus wennet en haad fan de famylje is; se is bang foar him. Gerante is nammentlik in opfleanend man, gau op ’t ein en hoewol’t hy besiket syn driftbuien yn ‘e han te halden, slagget hy der noch net yn.
Dan docht bliken dat Dalancour syn fortún dertroch jage hat, lykwols mei goede bedoelingen, en op ‘e râne fan in faillissiment stiet. Boppedat is hy fan doel om syn suster nei in kleaster te stjoeren. Gerante, dy’t fernimt dat Angelique net nei in kleaster wol mar graach trouwe wol, biedt har hân oan syn freon Dorval, dy’t folle âlder is as it famke. Dorval seit ja, op ien betingst; dat Angelique it der mei iens is. Al gau heart Dorval dat syn takomstige breid wol fereale is, mar net op him. Hy sil in houlik tusken har en Valere net yn ‘e wei stean, krekt oarsom, hy sil tsjûge weze. Valere biedt oan om Angelique te trouwen sûnder breidsskat en Dalancour syn skulden te foldwaan. Dalancour syn frou slagget der yn Gerante, dy’t poerrazend op syn neef is, oer te heljen: hy betellet alle skulden en jout Angeliqie en Valerie syn seine en in breidsskat.

Venetiaans karnaval

De selsbewuste Venetiaanske widdo Rosaura di Bisognosi hat net te klaaien oer belangstelling fan manlju. Fjouwer karnavalfierders, in Ingelsman, in Frânsman, in Spanjoal, en in Italjaanske lânsgenoat binne wei fan har. Wa’t har krijt, bepaalt Rosaura sels. Op fernimstige wize stelt se de hearen op ‘e proef en docht dêrneffens in kar.

It pleintsje

It stik spilet him ôf om karnaval hinne. Op it pleintsje wenje in stik as wat earme froulju, dy’t widdo binne en dy’t harren bern úthoulikje wolle, om dan sels wer trouwe te kinnen. Under elkoar dogge se oars net as rabje, rûzje meitsje en fjochtsje, mar tsjinoer bûtensteanders gedrage se harren bûtengewoan solidêr.
Dat ûnderfine de rike Fabrizio en syn nichtsje dy’t op it pleintsje wenje en de Cavaliere dy’t der karnaval fiere sil. It hat allegearre in goed ein mei in stik as wat houliken en in feest. In echte yntrige is der net, mear in bûnte en fleurige oanienskeakeling fan raak sketste tafrielen

De Opera

It ferhaal fan De Opera spilet him ôf yn Venetië, foar en yn in ta hotel omboude âlde skouboarch. Dêr wurde tariedings makke foar in yn it Turkske Smyrna te spyljen opera. De rike Turk Ali is op syk nei in selskip foar dy opera. Foardat er lykwols arrivearret, is alles al yn rep en roer. Sjongers en sjongeressen, ympressario’s en in tekstskriuwster rûke harren kâns en melde harren mei mar ien doel: it bemachtigjen fan in kontrakt foar dy opera. It artystefolk docht hiel wichtich, de iene achtet him noch better as de oare en se swetse wat ôf oer wat se wol net berikt hawwe. Mar dat is skyn, want se sitte allegearre sûnder wurk en hawwe neat op ’e melis.
As de Turk Ali ferskynt, begjint de striid pas echt en nimt de kompetysjedrang grutte foarmen oan. De artysten wolle allegearre in haadrol, mar lit dy Turk no gjin ferstân fan muzyk hawwe. Ien ding is wol wis: oer frouljusfleis blykt er al te beskikken en dêr liket er him troch liede te litten. Undertusken tsiere de artysten wat ôf. Se helje alles út ’e kast om mar yn ’e geunst fan de Turk te kommen. Al gau rekket de Turk folslein mei de situaasje oan. Hy blykt him net thús te fielen yn de artystewrâld en set yn ’t genyp wer ôf nei Turkije. De artysten bliuwe efter by it hotel, dêr’t de yndrukwekkende einsêne plakfynt.