Wij binne hjir foar Robbie

It is in famyljeferhaal fol mei skerpe humor en emosjonele konfrontaasjes.

Yn it âlderlik hûs dat krekt renovearre is komt in (Haachske) famylje by-elkoar om Robbie te betinken.
It famyljediner einiget yn in fiasko. De cateraar lit it sitte, de parketlak is net úthurde en it stúkwurk is noch wiet.
Nije leafdes wurde yntrodusearre, mar de âlde skiedingsperikelen kinst noch goed fiele. Foar de eagen fan in nije gast ûntwikkelt him in pynlik demasqué. En as wie it noch net moai genôch, stoart ek noch de sjyk klearmakke tafel yn.

Op de keukensflier, tusken de diggels, evaluearje de personaazjes harren libben.

De help

Arnoud is in jonge bankier dy’t yn ien dei syn wurk en syn frou ferliest en ek noch in hernia kriget. En dan seit er ek noch de help fjirtichtûzen euro ta.
Dit stik is in rekonstruksje fan hoe’t it sa fier komme koe. Fia de help Lucas leart Arnoud in wrâld kennen dy’t er hjirfoar net koe.

No even wol

No even wol is de tragikoyske twadde helte fan in dubelfoarstelling, dy t giet oer fjouwer froulju dy t elkoar by in dinertsje yn in restaurant moetsje. Der wer t de manlju it oer it ferline ha, prate de froulju oer it no. En it no hat bannen mei it ferline.
Ien fan de fjouwer manlju is undertusken ferstoarn en it docht biken dat er in minneres hie doe t er troud wie. De minneres moetet de trije freondinnen, en freondinne is de frou fan de ferstoarne man, yn it restaurant. Hjir begjint it drama.

No even net

No even net is de tragikomyske earste helte fan in dubelfoarstelling, dy t giet oer fjouwer freonen dy t elkoar al tweintig jier kenne. Al dy jierren dinearje se ien kear yn e moanne yn itselde restaurant. Se ite der mei-elkoar en se prate, sa as ien fan de fjouwer seit, oer neat.
Werom nei de tiid fan doe, mar is dy tiid no wol itselde? Se besykje de ferlerne tiid fan doe yn te heljen, mar fine allinne mar untgucheling by elkoar. Harren froulju begripe neat, en miskien is dat ek mar goed. As de manlju it mar begripe.

Cloaca

Cloaca is in ferhaal oer mannefreonskip. Fjouwer mannen fan midden fjirtich, binne tiidlik by elkoar. Se ha sûnt harren studintentiid altyd kontakt holden en seagen elkoar geregeld, de ien wat mear as de oar. Fan harren dreamen is net alles útkommen. Maatskiplik binne se alle fjouwer ridlik slagge mar yn harren privé libben skeelt der fan alles oan. Se hâlde de skyn fan solidariteit op mar as it der op oankomt litte se mekoar falle as in bakstien. Wat in hechte freonskip like, stelt úteinlik mar in bytsje foar. Dizze mannen kieze spikerhurd foar harren sels.
De mannen beslute op ‘e dolle rûs elkoar út de brân te helpen. Mar as blykt dat it wankele lykwicht wat sy elk yn harren libben fûn ha dêrtroch bedrige wurdt, litte se mekoar falle en kieze foar har eigen hachje. De âlde freonskip en harren eardere ferwachtingen wege net op tsjin harren eigen selssuchtige ambysjes.

Leave Minsken

Leave minsken giet oer Dree ( in heal jier fan de drank ôf) en Ietsje (eks heroïneferslaafde): twa dakleazen dy’t besykje sille om ‘normaal’ te libjen yn de harren tawiisde flat.
Dat falt net ta. Ietsje in skriemerich type dy’t eins allinnich it goede wol, wrakselt mei de opsternate buien fan de eins sa sêfte Dree. It binne helpleaze sielen.

Famylje

In famylje – mem, heit, en harren âlderen soan en dochter, mei harren ‘oare helten’- giet mei mekoar op wintersport. Heit hat dit organisearre om noch ien kear by elkoar te wêzen foardat de deasike mem der net mear is.
Yn stee fan gesellich mei mekoar de pistes ôf te glydzjen en ‘glûhwein’ te drinken komt der in protte âld sear boppe. Elk fan de útsprutsen karakters hat sa syn eigen frústraasjes.
Net útsprutsen gefoelens, dingen dy ’t yn it ferliene bart binne en famyljegeheimen komme hjirby oan it ljocht en meitsje fan dit famylje útstapke in pynlik byinoar wêzen. De mem spilet hjiryn in sintrale rol. As oan ‘e ein blike docht dat se de kanker dy’t se hat ûnferwacht dochs noch te boppe komme kin, is elkenien súver teloarsteld.
‘Famylje’ is in drama mei flistende dialogen, pynlike situaasjes en in soad wrange humor.