Lottere leafde
Victor Rhodes, in toskedokter fan yn ‘e fjirtich, is troud mei Mary. Hja binne inoar tagedien, mar de hertstocht is al jierren ferdwûn. Dêr komt noch by, dat Victor syn frou ergeret mei syn ivige, berneftige grapkes, dy’t er ek op syn gasten loslit. Mary is fereale op Clive Root, in antikêr, dy’t al mei in hiel rychje troude froulju in misbetearde leafde “ôfwurke” hat en no syn sinnen op Mary set hat. It slagget dizze beide om sûnder dat it yn ’t each rint fjouwer dagen yn in hotel yn Amsterdam ûnder te dûken. Hjir prate hja ôf, dat Mary yn jannewaris, of safolste earder as dat Victor harren ferhâlding trochkrigen hat, Victor ferlitte sil om mei Clive fierder te libjen.
As Victor harren op ‘e lêste dei yn Amsterdam suver wat oer ’t mad komt, hat er neat yn ‘e gaten.
Clive lit dêrop de húsfeint fan it hotel oan Victor skriuwe, dêr’t er it ferhaal yn docht fan it ferbliuw fan Mary en Clive yn Amsterdam. As Victor Mary konfrontearret mei syn nije wittenskip, docht bliken dat hja gjin kar dwaan kin tusken Victor en de bern oan ‘e iene kant en Clive oan de oare. By eintsjebeslút wurde hja it der mei har trijen oer iens, dat Clive tenei alle wiken komme sil te iten en dat Mary in kearmannich jiers mei Clive derop út gean sil.
Njonken de fjouwer neamde persoanen spylje ek noch in befreone span mei in dochter fan njoggentjin jier mei. Dit famke seit Clive iepenlik har leafde foar him oan. Fierders is der noch in Italiaansk pratende man.