In wetterticht idee

Om gau ryk te wurden hawwe Tessie en Roel in soarte fan sûnensintrum opset. It wetter dat se de minsken drinke litte moat hiel sûn wêze, it komt út de Snöde-Fleut, ergens boppe-yn Sweden. Gasten meie sa’n wike oars net ite as griente, fruit en oar guod dêr’t je beslist net fan oankomme. Guon gasten binne fansels gau op dat ‘kninefretten’ útsjoen. Dizze wike is eins de lêste kear dat se gasten ha, dêrnei wolle se fan de ‘fertsjinne’ sinten genietsje. Mar der binne noch wol wat tsjinslaggen. Hat ien fan de gasten fan dizze wike soms wat yn de gaten? En bestiet de Snöde-Fleut wol echt?

Falsk alarm

Pim, in jongfaam, wennet allinne en it is har jierdei, mar gjinien is kaam om dat mei har te fieren want se hiene allegearre wat oars. As mem skillet set se de muzyk lûd om in feestsfear op te roppen. Dan sil se op bêd, mar as se noch efkes weromkomt yn’e keamer is dêr in ynbrekker, dy’t har beurs en horloazje ôfhellet en freget nei in klok. As se besiket te ûntkommen, bedriget er har mei it taartmes. Dan wurdt der skille en steane heit en mem op’e stoepe mei sjampanje. By eintsjebeslút wurde se der ynlitten en wurdt de ynbrekker foarsteld as de nije freon fan Pim. Heit sjocht it wol sitten, want de skoansoan yn spee wit gâns wat fan befeiligingen en sa, in berop mei takomst. Mem fynt him in “bink” en as Pim fertelle sil wat hy wierliken is, fernimt se dat se fereale wurden is.
Heit en mem litte it jonge stel allinne en dan blykt Daan, de ynbrekker, dat Pim’s jierdei fersutere is. Och, seit se, it is ek sa’n domme dei: 1 april. Daan skrikt, hy hat in befeiligingsburo, mar bruts yn foar syn broer, dy’t sein hie dat Pim in klok fan him kocht hier, dêr’t de baas fan de winkel tsientûzen gûne yn opburgen hie. Dy broer is de feint fan Pim’s kameraadske. Dan wurdt der op’e doar slein troch in kliber jongfolk, se dogge net iepen, mar geane nei de sliepkeamer.