Under wetter
Dick Hylkema, in solosiler, wurdt “sponsere” troch frou Greydanus. Dizze frou freget him om te helpen by in smokkelaffearen en hy beswykt ûnder de druk fan de omstannichheden. Frou Greydanus fertrout him lykwols mar heal en stjoert in frommes nei syn hûs, dy’t it foarkomme lit, as hie hja gâns skeel. Dick nimt har yn beskerming en hellet medyske help by har. Omdat dy frjemde faam dêr ek de nachts bliuwt en Dick alhiel troch har yn beslach nommen wurdt, wurdt syn frou Marijke slim oergeunstich en sa krije Dich en Marijke der suver spul om, ek al omdat Dick neat útlitte kin oer wêr’t er dy nacht, doe’t hja ek fuort wie, sitten hat. Oan ‘e ein docht bliken, dat it frommeske dat by harren ynkrongen is, in plysje-funksjonaris is en dat Hemminga, dy’t him foar plysje útjoech, by de smokkelbinde heart.
Nei hiel wat alteraasje kinne doch de smokkelders ynrekkene wurde en wurde Dick en Marijke it iens om tegearre earst marris trije moanne ûnder wetter te gean mei harren sylboat.