Swart hout en goudene bizen

Jabik Kupers is A.O.W.-er wurden en fiert hjoed syn 65e jierdei. Se hawwe ien soan, dy’t troud is mei in frou dy’t it heech yn ‘e holle hat. Der binne trije pake- en beppe-sizzers fan 18 oant 26 jier.
It wurdt foar Kupers en ‘e frou net in moaie jierdei. Bern en bernsbern komme de moarns al eefkes, mar de skoandochter wol dy moarntiid ek noch nei inkelden fan har kunde ta, dat sadwaande. Se hat lykwols dochs noch in ‘verrassing’: se hat, seit se, ôfgryslik har bêst dien om foar de âldelju – want dat binne se neffens har no echt – in plakje te krijen yn it nije âldereinhûs.
Efternei docht bliken dat se it hûs fan har skoanâlden brûke wol foar in boetykje fan ien fan har dochters. Fan de bernsbern is der ien, dy’t wol wat mei pake en beppe op hat; dy kin it dan thús ek net mear hurde. Heit en mem altyd fuort en as se elkoar al sjogge dan hawwe se spul. Skoandochter set troch en stjoert in amtner fan Soasjale Saken nei de noch flinke âldsjes ta om de oergong nei it rêsthûs mei harren te regeljen.
It komyske fan it stik sit him foar in grut part yn de misferstannen dy’t dêrút ûntsteane. De sawat 10 jier âldere buorlju spylje dêr in wichtige rol yn. As it op it slimst liket, draait it mei soan en skoandochter by einsluten doch wer wat by en kinne Kupers en ‘e frou mar profitearje fan harren A.O.W.

It sit yn ‘e famylje

Tema: Wêrom in frou om fierrens te sykjen as der tichteby ien te finen is. Frâns Rinkes kin it as skriuwer goed dwaan, mar hy hat syn frou ferlern. Hy hat in studearjende soan fan 20 jier, tewyl’t syn mem by him ynwennet. Hja hawwe de romte fan personeel: Jan, de húsfeint, Harmke, de húshâldster, Beitske, in tsjinstfaam en dan noch Lyske, dy’t tydlik de ferpleging fan beppe op har nommen hat, neidat dy har skonk brutsen hat.
De famylje van Haaften, besteande út man, frou en in dochter-âldfaam, komme gauris by Rinkes-en-har op besite en it is sa klear as in klontsje dat dat foar de âldfaam om Rinkes te rêden is. Elkenien sjocht dat in gat yn ‘e kop, mar Frâns liket der blynseach yn te rinnen. Hawar, nei gâans wederwarichheden rekket de relaasje stikken en hat it noch gâns fuotten yn ’t gat ear’t Frâns en Lyske elkoar fine, tewyl’t soan Kees it by einsluten iens wurdt mei Beitske, de faam.

In keardel út ien stik

In baronesse is sa slij nei âldheden en antyk, dat se hat har in byld meitsje litten fan har grutte favoryt: NAPOLEON. It byld komt thús yn in mânske kiste. Mar it folk lit de kiste by it ynsjouwen en te plak bringen miterje en Napoleon leit oan gruzeleminten.
Bûten de faam en de feint wit gjinien der op it stuit noch fan en om tiid te winnen dat it wer wat yn ‘e heakken set wurde kin, docht de húsfeint de klean fan Napoleon oan en giet sa op ‘e sokkel stean, dy’t foar it byld ornearre wie. De faam moat it no sa sjen te stjoeren dat de oaren it net fernimme en dat jout fansels gâns brike komplikaasjes en frjemde sitewaasjes.
De baron en syn kammeraat, dy’t beide slim ûnder it plak sitte, meitsje fan de gelegenheid gebrûk om har gesach werom te krijen en de ein fan it liet is dat der twa gelokkige pearkes ûnder it personeel fan oerbliuwe.

It is by de klucht om ’t ôf en lit him flot spylje, mar it is wol dúdlik dat oer de rollen – en fral oer de haadrollen, de feint en de faam – net de earste de bêste te set moatte.

De gûvernante út Froubuorren

It stik spilet yn it hûs fan Lucien en Emily du Baron, broer en suster. Lucien (wol jild, gjin adel) is in wat soere keardel; in ûngemak fan in jier lyn hat him gjin goed dien. Hy hipt noch altyd op krukken om, om ’t syn skonken net rjocht mei wolle. En hy hat gjin moed en kriich om der wat oan te dwaan, alteast net genôch…
Hy sit leaver wat yn syn stoel te stúmjen en te kommandearjen, wylst de minsken om him hinne alle war dogge om him te helpen. By eintsjebeslút soarget de gûvernante, dy’t ynhierd wie foar de útfanhûzers, der foar dat er wer komt te rinnen: sy pakt him oan!

Bytiden is it te let

It liket hast gewoanterjocht te wurden dat Frâns fan Lierstra syn frou alles foar him en de beide grutte bern weinimt. Elk tinkt allinne mar oan himsels en “mem” is it sloofke, dat alles wol goed fynt. Dit begjint mem hieltyd mear tsjin te stean, foaral as dêr noch by komt dat har man omgong hat mei in oare frou. Op in stuit is it har oer en docht se ek allinne mar wat foar harsels nedich is en lit se de oaren oanmodderje. It komt mei Frâns safier dat er mear by dy oare frou is, as op’e saak en dat hat fan gefolgen dat dy saak slim yn’t neigean rekket. Dan grypt syn heit yn en Frâns moat him, fan ûnderen op, op’e nij wier meitsje.
Mem hat yntusken ek net stil sitten, sy fertelt op in stuit dat se troch it skriuwen fan boeken gâns in ynkommen hat. Noch hat it thúsfront in boerd foar de holle, sy binne yn gedachten al mei mem har jild oan it ferpartsjen. Sy binne lykwols te let, mem docht út’e doeken, dat se in hûs kocht hat dêr’t se har, mei har âldelju, nei wenjen sette sil en dat se skiede wol.
De egoïsten moatte har no sels mar rêde.

Wat ’n moaiprater

Klaas Bos wennet al tsien jier by syn suster en sweager yn. Fan syn beide bern is Sjouk (21) noch yn ‘e hûs, Jan (23) hokket. Bos is bûttermakker op in suvelfabryk, bibeltekststruier en seksfilmbegnuver. Syn direkteur (widner) hat sin oan in jong blomke. Bos sjocht promoasjekânsen en besiket syn dochter te keppeljen oan ‘menear’ Majoor. Sweager en suster fan Bos steane fjouwerkant achter Sjouk as dy fan neat witte wol. Boppedat hat Sjouk al trije jier ferkearing met Henk en is se yn ferwachting. Skoof en skande ropt Bos.
Majoor wurdt as direkteur oan kant set omt er mei de jildsaken fan ’t fabryk wat tefolle nei himsels ta rekkene. Soan Jan wurdt ûnderdirekteur en sadwaande heit syn baas. Klaas Bos is fan betinken dat Jan no wol soargje kin dat hy promoasje makket, mar Jan is net út sok hout snien. Sjouk seit omke en muoike ta dat se út tankberens har bern nei harren ferneame sil.