Oan de hân fan

De trije beppesizzers binne (op útnoeging) by beppe, dy’t hjoed 74 wurdt, te teedrinken. Tusken de rigels troch wurdt dúdlik dat beppe fan doel is der “út te stappen”, hjoed noch. Beppe docht hjir hiel nochter en realistysk oer. Maaike – hat beppe op har fersyk fan de winske pillen foarsjoen – fynt dat mar raar. Se kin der net oer út dat beppe dit echt wol. De beide oaren witte it noch net; dy hottefylje wat, tsjin mekoar, en tsjin beppe dy’t de planten ferwurde lit. Nei de tee komt de drank op tafel (beppe nimt jus mei rum); de hapkes steane al klear. Dan krije de oare twa “it nijs” te hearren. Dy beare mâl, (hoe krijt beppe it yn “de fucking plasse”) mar tille der net echt swier oan. It wurdt Maaike te machtich, dy rint der út. Gerda wol it beppe noch út ‘e holle prate, mar nicht Gerredine (dy’t blykber yn in kommune wennet en te pas en te ûnpas Ingelske wurden brûkt) leaut beppe net en seit tsjin Gerda dat je “altyd mei in gek meiprate moatte”. As beppe der even út is, wurde de froulju it der suver oer iens dat beppe oan it demint wurden is.
Beppe fertelt letter dat se moarn nei ’t sikehûs moatten hie foar in ûndersyk. Dat wol se blykber net mear meimeitsje.
Maaike komt werom, gysten, ropt de beide nichten derút, wol mei harren prate; komt even letter werom mei in luchtbuks, sil beppe deasjitte, want se “moast beppe dochs helpe”? Beppe warskôget: “Ik red my sels wol. Asto sjitst dan bisto in moardner en giest it gefang yn”. Maaike: “Wat makket it út, in kûgel of fergif, beide kearen bin ik in moardner”. Beppe lit it net ta: “Earst fatsoenlik myn jierdei fiere”.
Der wurdt wer jeuzele; beppe fertelt oer eartiids. Maaike fljocht der nochris út. De oaren jeuzelje troch en draaie in plaatsje. Beppe fertelt hoe’t se ta har beslút kommen is en oer hoe’t sy oer de dea tinkt. Se hat folslein frede mei wat se fan doel is.
Undertusken is ’t by de fiver allegear drokte, Gerda giet der hinne. Komt even letter as in “wynpûst” de keamer yn: “Maaike is krekt út ‘e fiver helle!! Dea!”
Beppe: “Wat moat ik sizze? Se hat oars neat dien as my dy pillen jaan.”

Kommintaar:
In nijsgjirrich, eigentiids gegeven. In moaie beppe. De karakters, ek fan de trije beppesizzers, binne goed en dúdlik útwurke.
Benammen it ferskil tusken de trije. Oer’t algemien flotte dialogen, hjir en dêr wat krûm. (Bygelyks Gerda, side 11: “Ik sjoch even bûten by al dy minsken”). De útkomst is like wrang as ûnferwachts, mar is nei myn betinken (nettsjinsteande de buks-sêne) krekt even te min taret. Dochs in orzjineel drama yn “notedop”, op lichte toan ferteld.

TZ