Russyske rûlette

Fjouwer Russyske froulju komme by inoar. Se binne allegearre widdo wurden omdat harren mânlju mei in stik as wat Ingelske offisieren Russyske rûlette dienen om sjen te litten hoe heldhaftich se wienen.
De froulju binne noch yn de rou en ha muoite mei alles wat Ingelsk is, ek tee. Mar wêr’t se noch mear muoite mei hiene, wie it skoalmastereftich gedrach fan harren mânlju. Sy mochten bygelyks gjin wodka drinke, allinne mar tee. Uteinlik fine de froulju, wienen se allinne mar besit fan de mânlju, alhoewol it kostberste besit fan de mânlju wie wodka. De froulju wolle gjin tee mear. Se binne it der oer iens, dat harren ûngelok mei tee begûn is. Se easkje fan de butler glêzen en pistoalen. Se wolle gjin tee, mar wodka drinke. En se wolle Russyske rûlette spylje.

Russyske roulette

Fjouwer russyske froulju hawwe harren man ferlern troch de russyske roulette. Se binne lilk en wolle har manlju wreke troch harren yn moed te oertreffen. Se sette de tee oan de kant, it drankje dêr’t se mei ûnderdrukt binne, en de wodka en sigaren komme op tafel. De betsjinner Feodor wol harren eins net helpe.
De wodka smakket net, dus dan sille se mar nochter oan de russyske roulette. Se helje de trekker oer en ien fan harren leit mei bloed op’e sliep yn har stoel. Mar se libbet noch; Feodor hie de moed net om in kûgel yn ien fan de pistoalen te dwaan. It bloed blykt kersesop te wêzen. Dan jouwe se allegear ta dat se dêr ek wol op rekkene hiene.

Ferballe

It stikje spilet him ôf yn it kantoar fan in flechtlingekamp, earne yn it easten fan Europa, nei de twadde wrâldkriich. Haadpersoan is de administrateur, Igor neamd, dy’t ta taak hat, nij-ynkommelingen te ûnderfreegjen en ‘yn it systeem op te bergjen’.
Troch dit wurk liket him alle minsklikens frjemd wurden te wêzen. Mar as in jonge frou, Wanja, wurch en ûngedien, har oankundiget, dy’t op syk is nei har jonkje dat se ûnderweis yn ‘e barre winter kwyt rekke is, en dat flak foar de Krystdagen, dan….