Ite en dûnsje

Minnie is moai, eins fierstente moai, fynt har freon Vogel. Hy kin net oer strjitte mei har, elkenien sjocht. Hy wol eins leaver in lilke freondinne en hy makket it út. Robert krijt in nije sekretaresse, dy’t sa moai is dat by him de midlifekrisis utbrekt. Jo riede it al: Se hjit Minnie. Minnie hat fertriet oer it ein fan har relaasje mei Vogel en Robert treastget har. De frou fan Robert, Mary, twifelt ûndertusken tusken flechtsje en treurje. Want wat dochst ast net lilk, mar wol folle âlder bist?

De wenarke

De haadpersoanen yn dizze komeedzje sitte al jierren yn in houlikskrisis. Se geane by elkoar wei.
Hy hellet in breidsje út Tailân, sy wol him jaloersk meitsje mei in man út de sportskoalle. mar sa maklik komme se net fan harren eksen ôf. In komeedzje oer leafde, grutskens en oerjefte

Maitiid

In ‘feel good’ toanielstik wêryn’t de ûngewoane leafdesskiednis ferteld wurdt fan trije minsken dy’t elk harren eigen geheim mei harren meidrage. Marja en Martin komme mei elkoar yn’ e kunde op it tsjerkhôf. Wylst se by de grêven van harren beminden steane wurde se ferrast troch de gefoelens foar elkoar. It ‘maitiidsgefoel’ sa as Marja it neamt: opnij fereale wurde op in leeftyd as je it net mear ferwachtsje. Mar dan blykt der noch in frou te wêzen, Stella, dy’t al jierren in rol yn Martin syn libbet spilet en dy’t net fan doel is om har plak samar ôf te stean oan in oar. ‘Maitiid’is in toanielstik mei humor, oandwaaning en sprankeljend as de maitiid sels.

De flet fan Jet

Jet hat in flet yn ’e stêd dêr’t se har frijer Karel ûntfangt. Mar se wol fan him ôf. En dan hoecht se de flet eins ek net oan te hâlden. Karel, dy’t ek troud is – dat wit Jet net, want se is nochal jaloersk – lient de flet wol es út oan syn soan Andre, dy’t dêr wol es mei in freondintsje komt. Mar dan nimt ien fan dy freondintsjes, Natas, dy’t wenromte siket, Veertje, de dochter fan Jet, mei, want dy siket ek wenromte. En dan giet it fout. Jet mei net witte dat… en Karel mei net witte dat… en Veertje mei hielendal net witte dat… En dan komt Jules, de man fan Jet, ek noch es del, en dy mei alhielendal neat witte!

Daan en Doris en Dik en Debbie

Daan en Doris en Dik en Debbie binne hieltyd oare minsken. It dekor wikselet hieltyd troch by elke skets in inkeld objekt te feroarjen dat it plak of it miljeu oanjout.

Bedgeheimen

Otto en Francien komme mei inoar yn’ e kunde fia ynternet en dat klikt daliks. Mar harren oare helten besoademiterje, dat wolle se net. Soks dogge jo net, dus it soe eins hiel goed útkomme as Jaap en Plien inoar ek leuk fine. Soe soks net te regeljen wêze? Om te begjinnen wurdt der in itentsje op tou set. Yn de tuskentiid siket Tim, de soan fan Francien en Jaap, nei syn earste leafde, wylst Sophie, dochter fan Otto en Plien krekt besiket dy leafde te ûntrinnen. en dy twa komme elkoar fansels ek tsjin…

Heit wêze

‘Heit wêze’ is in tragi-komeedzje oer dûbele moraal, ferjouwing en wraak. Moat in soan foar syn heit soargje at dy dat noait foar him dien hat? Daniel hat in modern, iepen houlik mei Lara.
Syn nijste flam hjit Anoek: in lekker jong ding, spannend en net komplisearre. Dan komt Daniel syn âlde heit foar it ljocht ; oait in rokkejager, mar no slim siik. Daniel sit net allinne yn’ e mage mei de man, dy’t nochal wat krityk hat op syn wize fan libjen. Mar ek mei Anoek, dy’t it yn de tuskentiid oanleit mei in Spanjaard en in Poal.
En Lara, minder bliid mei it frije houlikslibben, suchtet en wachtet ôf. Of net?

Gouden hantsjes

It ferhaal giet oer Louis, in rike pensjonearre sakeman mei in noas foar froulju. Troch de froulju is Louis sa ryk wurden. Dan komt er ûnferwacht allinne te stean as syn folle jongere frou Emma – wêr’t er hiel gelokkich mei is – ynienen stjert. Oan har stjerbêd moat er Emma belove dat er nei har dea wer gelokkich wurdt. It blykt in belofte, wêr’t er net ûnder út komme kin en wêryn’t 5 froulju in wichtige rol spylje. De dames dogge harren uterste bêst om him te treasten: in rike man allinne litst fansels net samar rinne!

Brutsen iis

It spilet him ôf op it dek fan de ‘Maria Stuart’, in lúks cruiseskip mei foaral bejaarde minsken dy’t allinne binne. Elk hat sa syn eigen reden om ûnderdiel te wêzen fan it komfortabele driuwende bejaardehûs. Dochs wurdt der wol in protte lake en as it iis ien kear brutsen is, leit sels de romantyk op de loer. Der wurdt dronken, dûnse en songen, mar efter de fasade fan it ‘dolce far niente’ ferskûlet him ek de tiidgeast dy’t it âlder wurden net altyd like maklik ferrinne lit. ‘Brutsen iis’ is in echte komeedzje mei in protte humor en oandwaanlike mominten.

Lêste reis

Fjouwer minsken binne foar in koarte fakânsje yn ien húske op Ibiza. It iene pear wurdt foarme troch in bekende akteur en syn frou. Sy hat har altyd skikt nei syn libben. It houlik fan it oare pear wie sa goed as oer, mar sy ha elkoar yn in “bange”sitewaasje yn it fleantúch opnij de leafde ferklearre. Hy is realistysk, sy wat neuroatysk. Tragi-komyske en komysk-tragyske foarfallen wikselje elkoar ôf yn it fakânsjehûs. It stik spilet yn de tiid flak nei de moard op Pim Fortuyn.

Mosken en swannen

Twa stellen moetsje elkoar op in wat dizenich feestje. Corine en Rick libje sûnder soargen en hawwe in iepen houlik. Se ha der foar keazen om iepen kaart te spyljen oer harren eskapades. Aram en Esther lykje yn alles in tsjinpoal te wêzen ta it oare stel: folle swiermoediger fan aard libje se tegearre mei de bedoeling om elkoar te beskermjen en elkoar foaral gjin fertriet te dwaan. Mar dan docht bliken dat der ek yn in iepen houlik jaloerskens libbet.

Fûgels

De 60 jierrige Jaap (troud mei Just) freget him ôf wat it libben him noch te bieden hat. Ynienen komt de jongere, strakkere Linda foarby. En ja hear, hy hapt ta. Mar letter ferskynt de noch jongere Carla…
Just nimt in gloednije flat foar harsels. Gûlt en begjint op ‘e nij. Lestich is wol dat har nije flat pal tsjinoer de flat fan har eks-man en nije freondinne stiet. Se kinne by elkoar yn ‘e keuken, of slimmer noch, by elkoar yn ‘e sliepkeamer sjen. Wat moat se dwaan? En hoe sit it mei har eigen romantyk? Is dat no foar altyd oer en út?
Wurde Jaap en Just wol lokkich sûnder elkoar? Is der in wei werom? Kinne se wer yn itselde hûs en troch deselde doar?
De sênes wurde oanelkoar breide troch twa fertellers. De taskôger fljocht fan hjoed nei juster en fan ferline wike nei in oere earder deselde moarn!

Koartsluting

Victor, in santiger, begjint wat te demintearjen. Hy fernimt it sels, mar wol it net wêze. Troch alderhanne spultsjes te spyljen mei syn frou Charlotte tinkt er de saak draachliker te meitsjen of yn alle gefallen te kamûflearjen. Syn frou spilet yn it begjin mei, mar as Victor yn syn ûnmacht te fier giet en echt nuvere dingen begjint te sizzen en te dwaan fynt se dat se beide de realiteit ûnder eagen sjen moatte. No kin se der noch mei him oer prate. Nettsjinsteande har ûngeduld en ergernis bytiden kin Charlotte op beslissende mominten dochs de goede toan fine om Victor wat by te stjoeren en se wurde it iens oer de takomst dy’t se mooglik tegearre noch ha.
Tuskentroch leare we de dochter kennen mei har spesifike problemen dêr’t se hiel eigentiids mei omgiet. Ek de (jongere) buorfrou spilet in rol binnen dizze relaasjes.
It demint wurden fan je man en heit is fansels net wat om de gek mei te hawwen; dochs giet it hjir om in blijspul. De problematyk wurdt yn dit stik nammentlik op humoristyske wize, mar tagelyk tige respektfol en waarm, behannele.

Jaloezyen

Rosa, in aktrise, en Charel, in skriuwer, beiden om en by de 40, binne troud. It houlik is gjin sukses. Rosa is allegeduerigen mei har rollen dwaande en benammen mei wat de resinsinten der fan meitsje. Charel fielt him as skriuwer mislearre en dúdlik de mindere fan Rosa. Hy siket syn treast yn de drank. Ellen, de mem fan Rosa, komt ûnferwachts opdaagjen en seit dat se by de bern yn wol. Se is it allinnewêzen nei it ferstjerren fan har man sêd en it is op’t lêst har eigen hûs, dêr’t Rosa en Charel yn wenje. It liket Rosa wol op fleanen, se wol mem út noch yn net by har yn’e hûs ha. It kin Charel it measte net skele, mar Rosa batst der fuortdaliks yn, konflikten by’t soad dus.
Troch in tal monologen wurdt it de skôger dúdlik dat Alfred, de resinsint dy’t fan Rosa har spul gjin spaan hiel litten hat, wat langer wat mear in relaasje kriget mei de trije oaren. De relaasjes rinne bytiden sa healwiis trochinoar, dat de stikken der letterlik en figuerlik ôfspatte. En wêr’t it by eintsjebeslút op útdraait… wa sil it sizze.