Appelbeamkes

Bert en Geartsje, futters, sille in wrâldreis meitsje. Se ha it hûs ferkocht en der is in kamper foar yn ’t plak kaam. De earste jûns fan ‘e reis bedarje se yn it kafee fan it doarp út har jeugd. Geartsje woe der graach noch ienkear del. It blykt dat Geartsje oait wat hân hat mei Sytse, de eigner fan it kafee. As Bert nei de snackbar ôfset, om ’t er net langer op iten wachtsje wol, rekket Geartsje yn petear mei ober Sjoerd. Hy is de soan fan Sytse. Geartsje bekend Sjoerd yn in yntym petear dat se oait swier wie fan Sytse, mar dat it útdraaide op in miskream. As Sjoers seit dat syn heit sa wer thúskomt, wol Geartsje dêr net op wachtsje. Se is bang foar Bert syn oergeunst, mar it feit dat se Sjoerd sjoen hat, is har genôch.

Saakje

In âlde frou sit allinnich en ûnwennich yn in âldereintehûs. Se hawwe har krekt ferhûze en no wol se graach allinnich wêze om alles yn har omgean te litten. Se freget har wol ôf, werom it sa wêze moast dat se sa lang allinnich libbe. ‘In raadselen wandelt de mens op aard…’ Stadichoan kringe de bylden út it ferline nei boppe: oer har man Sybren, har mem, har bern, de tiid op de buorkerij. It pynlikste fan al dy oantinkens is it momint dat se fergees wachte op har man, doe ’t se swier wie fan har twadde bern en doe it berjocht kaam dat Sybren in deadlik ûngemak krigen hie.