Levy

Dit iepenloftstik nimt jo mei nei de tiid foar 1800. Salomon Levy swalket nei in drege jeugd yn it Dútske Hessen stadichoan nei oastlik Fryslân. Hy bedarret op it lêst as keapman/slachter yn De Westereen. Dêr set er him ta wenjen omt er it der bot nei’t sin hat. It is net allinne syn relaasje mei de kreaze Fokje Theunis en harren trije bern, Theunis, Yttsje en Aaltsje, dy’t Salomon bynt oan De Westereen.
De libbenswize mei eigen noarmen en wearden, regels en gewoanten paste him as in jas.

It stik is net in rekonstruksje fan dizze skiednis, folle mear in frije ynterpretaasje derfan troch de skriuwer.

Sake en it suertsjefabryk

Wat in feest as direkteur Willy Wonka it suertsjefabryk ynienen wer iepenet. Dat is fantastysk wat Wonka makket it lekkerste snobbersguod fan de hiele wrâld. Omdat it feest is, wurde fiif superrepen mei in gouden wikkel yn de omloop brocht. Wa’t sa’n wikkel hat, wint in rûnlieding troch it suertsjefabryk. Sake is ien fan de gelokkigen. Foar wat Sake en de oare winners allegear belibje komst eagen en earen te koart. Dat Wonka ek noch in trochtrape suster hat, dy’t fanalles betinkt om it suertsjefabryk yn hannen te krijen, makket it ta in spannend spektakel!

Robin Hood

Robin Hood wie de dryste held fan Ingelân yn de tiid fan kening Richard Liuwehert. Hy wie in strider foar de ûnderdrukte en earme minsken. Om harren te helpen moast Robin stelle fan de riken. Prins John en syn gefolch, betochten hieltyd nije en hegere belêstingen foar it folk sadat se der sels lui en lúks op loslibje koene. Robin en syn Griene Binde libben yn de bosken fan Sherwood om’t se út harren eigen húzen ferjage wiene troch de hege hearen. Prins John naam it plak yn fan syn broer Richard Liuwehert. Richard wie in goede en earlike kening mar waard op Krústocht nei it Hillige lân finzen naam. As Robin en syn maten op in dei samar ynienen feroarje yn echte kriminelen dy’t allinne mar stelle om der sels better fan te wurden wurt it folk kjel. Se lykje wol bestjoend. Tagelyk docht bliken; Prins John beskikt oer in machtich wapen en spitigernôch komt Richard Liuwehert mar net werom. Soene de misklike oerhearsers de slach dan foargoed winne of komt der noch help fan de heimsinnige Sware Muonts???