Befrijdingsdei

Op har souderkeammerke is in fanke dwaande mei it yninoar setten fan in soarte fan ‘doe het zelf’ elektryske stoel. It is hjoed befrijingsdei en ek krekt fiif jier lyn dat har freon har sitte litten hat. Elts jier op’e nij komt hy dochs hieltyd wer by har. Dan frije se en tsjin better witten yn hopet sy dat er de ‘befrijing’ werom draaie sil om mei har op’e nij te begjinnen. No beseft se dat dat nea barre sil en se hat besletten ta wraak…

Feesttinte op’e merke

Wander is in ynfalide man fan omtrint 60 jier yn in rolstoel. It is merke. Efter it poadium sjongt er op’e muzyk fan it ‘Hollandia Combo’, mei ûnkontrolearre gjalpen. Servearster Monica hellet him oer om ek wat te sjongen op it poadium. Hy wol it dwaan foar in tút fan har. Wylst Wander sjongt kin de sjonger fan it Combo net mei syn hânnen fan Monica ôfbliuwe. Monica nimt wraak troch it bierglês fan de sjonger fol te jitten mei de pis fan Wander. Mar as Wander op syn beurt syn tút opeasket wurdt it har tefolle. Yn in wylde dûns reageare beiden harren frustraasje ôf: Wander om’t er gjin seks krije kin, Monica om’t se gjin leafde krije kin.

NB
‘HERTEJACHT’ bestiet út tsien sênes fan hieltyd twa personaazjes (útsein sêne 1, 4 en 10), dy’t meiinoar in keatling foarmje oer de langstme nei leafde, tederheid of seks: ien fan de twa personaazjesspilet ek wer yn de folgjende sêne mei in oar personaazjes dat dan sels wer yn de dêrop folgjende sêne spilet, ensfh. Dizze struktuer is basearre op ‘Reigen’ (‘Peardûns’) fan Arthur Schnitzler.
Dizze fariant is yn opdracht fan Tryater skreaun troch tsien skriuwers en troch dit selskip yn 1997 opfierd. De sênes kinne lykwols hiel goed ‘los’ spile wurde. Rjochten moatte oanfrege wurde by Tryater yn Ljouwert of by de skriuwers.

MONICA komt werom yn ‘Pikmarboulevard’ fan Wilco BERGA.
WANDER yn sêne tsien fan Tsjitske de BOER, ‘Yngong feesttinte’.

Op pretsje

De wat ferlegen jongfeint Wouter wennet op himsels en hat foar syn jierdei gasten noege. It praat wol net sa bot en dan begjint Wouter mar wat op te skeppen oer syn disko-avontueren, hy swetst sa, dat er himsels begjint te leauwen. Dan fertelt er de froulju, dat er in minne rêch hat en dat er nei in fysioterapeut sil.
Dit is in útdaging foar de froulju om him de rêch te massearjen. Wouter rekket der mei oan, hy kin de froulju by lange net de baas. Op’t lêst wurdt er lulk en stjoert er de pleagers fuort.
Noch iensumer as earst bliuwt Wouter achter mei syn drankjes en hapkes.