Hoe riker hoe briker

Yn it testamint fan har ferstoarne heit wurdt Rike in jongeman tawiisd, dêr’t se mei trouwe moat. Har omke Sander is belestige mei it útfieren fan dy lêste wil en no sil der by in muoike fan Rike in moeting wêze tusken Rike en dy jongkeardel. Ien en oar giet wat Rike oangiet slim ûnder twang, want se hâldt it mei Freark, in jong akteur.
Omke Sander, dy’t widner is, hat konneksjes mei in nachtklubdûnseresse en de muoike dêr’t se útfanhûzje, wol as frijfaam eins ek noch wol ris oan ‘e man. Dat omke Sander skillet mei in houliksburo en dêr sille se soargje foar in kandidaat foar muoike. De boel rint speak as de oansteande man fan Rike oan sjoen wurdt foar de houlikskandidaat fan muoike. Dêr komt by dat Freark, de jongkeardel dêr’t Rike fan hâldt,- tafallich – yn dat hûs ynkwartierd wurdt as soldaat fan de lannelike reserve.
Ferklaaipartijen, persoansferwikselingen en alles wat dêr by heart, meitsje fierder de klucht kompleet. En dêr tuskentroch spilet dan de húsfeint noch in aparte rol, om’t dy foar alle tsjinsten dy’t er oan elk fan ‘e oanwêzige persoanen bewiist, in jildlik offerke freget.
Oan ‘e ein binne der dan de pearkes: Rike kriget de feint fan har hart: Freark, de testamintêre kandidaat rekket op ’t lêst oan de nachtklub-juffer en muoike treft noch in âlde kunde út ‘e kontreien dêr’t se earder wenne. Allinne omke Sander moat it dwaan mei in ‘dampende sigaar’…